Fundearringsloket

Doch in melding by it Funderingsloket Fryslân as jo fundearringsskea hawwe oan in pân yn it Fryske feangreidegebiet.

By it fundearringsloket kinne jo terjochte:

  • as jo tinke dat jo wenning fundearringsskea hat;
  • mei fragen oer ûndersyk of oanpak fan fundearringsskea.

By it Funderingsloket Fryslân kinne jo melding meitsje fan mooglike fundearringsskea oan pannen yn it Fryske feangreidegebiet. In fundearringssaakkundige fan it Kennis Centrum Aanpak Funderingsproblematiek (KCAF) sil jo melding op ôfstân besjen en  jout jo dêrnei in reaksje.