Boudossiers ynsjen
Wolle jo stikken fan in pân yn de gemeente ynsjen, bygelyks ferliende bou- of omjouwingsfergunnings? Fanwege de koaroanakrisis kinne jo net in ôfspraak meitsje om de stikken op it gemeentehûs yn te sjen. Jo kinne ynformaasje oanfreegje, wy stjoere dy dan nei jo ta.
Jou oan wêr’t jo de ynformaasje foar nedich hawwe en jou sa spesifyk mooglik oan hokker tekeningen en/of berekkenings oft jo nedich hawwe. Tink oan fundearrings/pealleplan/sondearrings, rioelearring, flierren, plattegrûnen, details, konstruksjes, konstruksjeberekkenings of sterkensberekkenings.
Stikken oanfreegje út it boudossier
Wat kostet it?
€ 20,- (ûndersykskosten ynkl. 2 A0- en 10 A3- of A4-kopyen)
Eventuele ekstra kosten:
- Ekstra A4-kopy: € 0,10
- Ekstra A3-kopy: € 0,20
- A0-kopy: € 8,-
- Digitale kopy: € 4,-
Handich om te witten
- Omskriuw sekuer wat jo nedich hawwe út it dossier. Nim dêrfoar eventueel kontakt op mei jo boubedriuw of oannimmer.
- Jo kinne ek stikken út it histoarysk argyf ynsjen.
- Jo kinne ek fergunningsoanfragen ynsjen dy’t noch yn behanneling binne.