Boaiemynformaasje oanfreegje
Wannear't jo in hûs of in stik grûn keapje, binne ferskate gegevens belangryk. Tink oan it omjouwingsplan, boaiemynformaasje en gegevens oer de ûnderhâldstastân. In soad ynformaasje kinne jo sels fergees opsykje.
Boaiemgegevens kinne jo fergees opsykje fia it lanlik Bodemloket, de Bodematlas fan de provinsje Fryslân en de webside fan Grondverzetviewer Fryslân.
Jo kinne boaiemynformaasje ek by de gemeente opfreegje. Dat kostet € 60,50 it perseel. Dêrfoar krije jo fan ús:
- hokker boaiembedriigjende aktiviteiten der bekend binne op de lokaasje;
- hokker resultaten fan boaiemûndersyk der binne op de lokaasje en oft dêrby fersmoargingen fûn binne;
- oft der demmingen (bygelyks fan in eardere sleat) of opheechlagen (grûn of ôffal) binne op de lokaasje;
- oft der ûndergrûnske tanks op de lokaasje binne of west hawwe;
- yn hokker kwaliteitssône(s) de lokaasje falt: wenjen, yndustry of lânbou/natuer.
Jo krije de ynformaasje binnen 3 wurkdagen.
Omjouwingsplan
It omjouwingsplan kinne jo besjen yn it omjouwingsloket .
Beheiningen
Fia it Kadaster kinne jo in soad ynformaasje oanfreegje. Jo kinne ûnder oare sjen oft der beheiningen binne op it pân of stik grûn. Foarbylden fan beheiningen:
- pân is in monumint (Ryk, provinsje en gemeentlik);
- grûn is fersmoarge (boaiemfersmoarging);
- pân of hiem is sletten op lêst fan de boargemaster fanwegen bygelyks de Opiumwet of Wet Bibop;
- gemeente hat foarkarsrjocht op de grûn;
- ferbod om te ferbouwen (boustop);
- ferbod om te kapjen;
- ferbod om yn in pân te wenjen;
- rjocht fan paad of opstal.