Advys ferduorsumjen wenning oanfreegje
By de gemeente wurket in adviseur dy't in protte ferstân hat fan it isolearjen fan jo wenning. Hy kin fergees by jo thús delkomme om jo te helpen.
In adviseur:
- sjocht tegearre mei jo hoe't jo wenning ferduorsume wurde kin;
- besjocht tegearre mei jo hoe't jo dy ferduorsuming finansierje kinne;
- helpt jo by it ynfoljen fan de formulieren en beoardieljen fan de offertes.
Betingsten
Om yn 'e beneaming te kommen foar in adviseur wenningferduorsumjen moatte jo foldwaan oan de neikommende betingsten:
- Jo binne eigener-bewenner fan in keaphûs yn de gemeente Smellingerlân.
- Jo hûs hat in WOZ-wearde fan minder as € 429.300,- (peildatum 1 jannewaris 2022).
- Jo hûs hat in enerzjylabel D, E, F of G óf
- Der binne 2 of mear fan de neikommende besteande boudielen net of min isolearre:
- de flier en de boaiem
- de gevel, wêrûnder de spoumuorre
- it dak en de souder/flieringflier
- de ruten, panielen yn kezinen en doarren
Oanfreegje
Foldogge jo oan de betingsten? Freegje dan in advyspetear oan.