Oare achternamme brûke (nammegebrûk)
As jo troud binne of in registrearre partnerskip hawwe, meie jo de achternamme fan jo partner brûke.
Jo kinne dy kar fêstlizze by jo persoansgegevens lykas dy yn de Basisregistraasje Persoanen (BRP) stean. De gemeente, de Belestingtsjinst, de syktekostefersekerder en oare oerheidsynstânsjes brûke dan tenei dy namme. Bygelyks by it stjoeren fan post. Mear ynformaasje oer nammegebrûk fine jo op de webside fan Dienst Justis.
Kar yn nammegebrûk
De neikommende karren binne mooglik:
- eigen achternamme;
- achternamme fan jo partner/oarehelte;
- achternamme fan jo partner/oarehelte, folge troch jo eigen achternamme;
- eigen achternamme, folge troch de achternamme fan jo partner/oarehelte.
Nammegebrûk online trochjaan
Stean jo ynskreaun yn de BRP fan dizze gemeente? Dan jouwe jo jo kar online mei DigiD troch. De feroaring wurdr fuortendaliks ferwurke en by jo persoansgegevens opnaam yn de BRP.
Nammegebrûk feroarje (mei DigiD)
Wolle jo jo kar trochjaan op it gemeentehûs? Meitsje dan in ôfspraak.
Dit hawwe jo nedich
- Online: jo DigiD
- Op ôfspraak oan de baly: jo jildige paspoart, identiteitskaart, rydbewiis of ferbliuwsdokumint.
Dit moatte jo witte
- Oerheidsynstânsjes lykas de Belestingtsjinst en pensjoenfûnsen krije jo nije nammegebrûk automatysk troch fan de gemeente.
- Jo offisjele achternamme feroaret net. Yn offisjele dokuminten stiet altyd jo offisjele achternamme. Op offisjele dokuminten, lykas in paspoart en rydbewiis, stiet altyd earst jo eigen achternamme, eventueel oanfolle mei de achternamme fan de partner.
- Wolle jo jo offisjele achternamme feroarje? Sjoch dan op de webside fan Dienst Justis.
Kosten
Gjin kosten.