In bern erkenne
Krije jo in bern, mar binne jo net troud en hawwe jo gjin registrearre partnerskip? Dan hat it bern by de berte wetlik sjoen allinnich in mem. As jo as partner jo bern erkenne wolle, meitsje dan in ôfspraak om del te kommen yn it gemeentehûs.
Kosten
Gjin kosten.
Wat nedich is
- In jildich paspoart, rydbewiis of identiteitskaart fan josels en fan de mem.
- Soargje dat de mem oanwêzich is by de erkenning fan it bern.
- As jo bern âlder is as 12 jier, soargje dan dat it bern fysyk oanwêzich is by de erkenning en ek útdruklik tastimming jout. Nim fierders in jildich paspoart of identiteitsbewiis fan it bern mei.
Wetlik âlderskip
Troch in bern te erkennen nimme jo it wetlik âlderskip op jo. Jo hoege dêrfoar net de biologyske âlder te wêzen. Dat betsjut dat jo bern fan wjerskanten erfrjocht kriget en dat jo bern jo achternamme krije kin. Ek ûntstiet der in ûnderhâldsplicht tusken jo en jo bern.
Erkenne foar de berte
Jo kinne in bern ek erkenne fóár de berte. Dat hjit offisjeel 'erkenning fan de ûnberne frucht'.
- Erkenne fan in ûnberne bern/frucht jout automatysk it âlderlik gesach oer it bern.
- Kieze jo derfoar dat it gesach allinnich by de mem leit, dan moatte jo tegearre in ferklearring ôflizze oan it loket.
- De mem moat tastimming jaan. Dat moat persoanlik as der sprake is fan it kiezen fan in namme, oars kin it skriftlik.
- Jo binne fan de berte ôf de wetlike heit of duomem.
- Kriget it bern de achternamme fan de heit? Dan hat it bern dy namme fan de berte ôf. Krije jo dêrnei tegearre noch in bern? Dan kriget dat automatysk deselde achternamme as it berntsje erkend is.
- Jo kinne de achternamme by de erkenning trochjaan.
- Kieze jo gjin achternamme? Dan kriget it bern automatysk de achternamme fan de mem.
- Erkenning fóár de berte kin yn elke gemeente yn Nederlân.
Erkenne by de berte-oanjefte
- Erkenne jo it bern by de oanjefte fan de berte? Dan moat de mem tastimming jaan. Dat moat yn persoan as der sprake is fan it kiezen fan in namme, oars kin it skriftlik. Erkenne fóár de berte hat dêrom de foarkar.
- Is it jo twadde of neikommende bern? Dan moat de mem tastimming jaan. De mem jout dêrby ek tastimming foar it mienskiplik gesach.
- Kieze jo by de erkenning foar de achternamme fan de mem? Dan moat de mem tastimming jaan. Dat moat yn persoan as der sprake is fan it kiezen fan in namme. De mem jout dêrby ek tastimming foar it mienskiplik gesach.
- Binne jo de mem en wurdt jo bern berne út in houlik of registrearre partnerskip mei in frou? Troch duomem-wêzen kinne jo tegearre mem wurde. Nim dan by de berte-oanjefte in ferklearring mei fan de stichting Donorgegevens Kunstmatige Bevruchting. Hawwe jo dy ferklearring net, omdat jo gebrûk meitsje fan in bekende donor? Dan kinne jo in erkenningsakte opmeitsje litte. It is oan te rieden om dat fóár de oanjefte fan de berte te dwaan. Mear ynformaasje oer duomem-wêzen en âlderlik gesach lêze jo op rijksoverheid.nl.
- Erkenning by oanjefte kin allinnich yn de gemeente dêr't it bern berne is.
Erkenne nei de berte-oanjefte
- Hat in bern gjin wetlike heit? Dan kin it erkend wurde. Mar dat kin allinnich mei tastimming. De erkenner kriget automatysk it gesach as it bern minderjierrich is.
- Is it bern jonger as 12 jier? Dan moat de mem tastimming jaan.
- Is it bern tusken de 12 en 16 jier? Da moatte de mem en it bern tastimming jaan. It bern moat ek meikomme.
- Is it bern 16 jier of âlder? Dan moat allinnich it bern tastimming jaan. It bern kiest sels hokker achternamme it kriget.
- Erkenning nei berte-oanjefte kin yn elke gemeente yn Nederlân.
Betingsten foar erkenning
Foar it erkennen fan in bern jilde in pear regels:
- Jo binne 16 jier of âlder.
- Jo hawwe tastimming nedich fan de mem.
- As it bern 12 jier of âlder is, hawwe jo tastimming nedich fan it bern en de mem.
- As it bern 16 jier of âlder is, hawwe jo allinnich tastimming nedich fan it bern.
- As jo wetlik sjoen net trouwe meie mei de mem, bygelyks omdat jo famylje binne, dan kinne jo in bern net erkenne.
- As der al twa âlden binne, dan kinne jo it bern net mear erkenne. Yn it gefal dat it bern bygelyks adoptearre is troch de froulike partner fan de mem, kin de biologyske heit it bern net mear erkenne.
- As jo ûnder kuratele steane op grûn fan jo lichaamlike of geastlike tastân, dan kinne jo it bern allinnich erkenne mei tastimming fan de kantonrjochter.
Bern erkenne troch bûtenlânske man of frou
Wolle jo in bern erkenne mar hawwe jo bygelyks in oare of dûbele nasjonaliteit? Ofhinklik fan it lân fan komôf is dêr gjin ûndûbelsinnige rjochtline foar. Nim dêrom kontakt op mei de gemeente of in juridyske saakkundige om te sjen hokker rjocht op jo situaasje fan tapassing is. Meastentiids is ek tastimming fan de mem nedich.
In bûtenlânsk bern erkenne
Wolle jo in bûtenlânsk bern erkenne? Dan is deselde situaasje fan tapassing as yn de alinea hjirboppe. Nim dêrom kontakt op mei de gemeente as jo in bûtenlânsk bern erkenne wolle. It erkennen fan it bern kin gefolgen hawwe foar de nasjonaliteit fan it bern. Dat hinget mei fan de leeftiid fan it bern ôf.
Gesach by erkenning
Hawwe jo it (ûnberne) bern fóár 1 jannewaris 2023 erkend? Hat de heit of duomem it (ûnberne) bern foar 1 jannewaris 2023 erkend en binne jo net troud en hawwe jo gjin registrearre partnerskip? Dan hat allinnich de mem automatysk it gesach oer it bern (as it berne is). Sy moat dan wol mearderjierrich wêze en net ûnder kuratele stean.
Neidat it bern erkend (en berne) is, kinne jo ienfâldich it mienskiplik gesach foar mem en erkenner oanfreegje. Jo dogge dat bij de rjochtbank. As jo dat net dogge, dan hat allinnich de mem it gesach.
Erkenne nei 1 jannewaris 2023
Erkenne jo it (ûnberne) bern néí 1 jannewaris 2023? Fan 1 jannewaris 2023 ôf wurdt gesach fuortendaliks by de erkenning regele. Binne jo net troud en hawwe jo gjin registrearre partnerskip? Dan sizze jo by de erkenning wat jo wolle mei it gesach oer it (ûnberne) bern.
Jo kinne derfoar kieze dat de mem en de erkenner automatysk beide it gesach oer it bern hawwe. Wolle jo dat allinnich de mem it gesach hat? By de erkenning wurdt dan fêstlein dat allinnich de mem it gesach oer it bern hat.