Berte oanjaan
Oanjefte fan de berte dogge jo binnen 3 dagen nei de bertedei. De bertedei telt net mei. As de lêste dei fan dy 3 dagen op in sneon, snein of in yn Nederlân erkende feestdei falt, einiget de termyn op de earstfolgjende wurkdei.
Berte digitaal trochjaan
Jo kinne de berte (digitaal) trochjaan as:
- jo bern yn de gemeente Smellingerlân berne is.
- jo de mem fan it bern binne.
- jo offisjeel, fia houlik, registrearre partnerskip of troch erkenning, de heit of de mei-mem fan it bern binne.
Wat hawwe jo nedich?
- DigiD;
- kopy of foto/scan fan de erkenningsakte of de akte fan nammekar (as dat fan tapassing is);
- ferklearring fan it sikehûs of fan de ferloskundige.
Digitaal berte-oanjefte dwaan (mei DigiD)
Oanjefte dwaan op it gemeentehûs
Kinne jo net digitaal oanjefte dwaan? Meitsje dan in ôfspraak om del te kommen op it gemeentehûs.
Meinimme nei de ôfspraak
- In jildich paspoart, identiteitskaart of rydbewiis.
- Eventueel trouboekje of partnerskipsboekje.
- Eventuele kopy fan de erkenningsakte fan jo bern.
- Eventuele kopy fan de akte fan nammekar.
- Yn gefal fan âlderskip fan itselde geslacht nimme jo ek de donorferklearring mei.
Achternamme bern
De wet bepaalt hokker achternamme in bern kriget. Yn guon gefallen kinne âlden of fersoargers kieze hokker achternamme harren bern kriget. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de Ryksoerheid.
Boargerservicenûmer (BSN)
Binnen likernôch in wike nei de berte-oanjefte stjoert de wengemeente de brief mei it BSN nei it adres dêr't it bern ynskreaun stiet yn de Basisregistraasje Persoanen (BRP).
Bernetaslach
Bernetaslach giet automatysk. Krije jo al bernetaslach? Dan wurdt de hichte fan de bernetaslach automatysk oanpast.