Toeristebelesting

Jo betelje toeristebelesting oan de gemeente as jo in akkommodaasje hawwe en in fergoeding freegje foar in oernachting. Foar de toeristebelesting binne der in oantal útsûnderingen. It jildt bygelyks net foar bern ûnder de 16 jier en ynwenners fan de gemeente Smellingerlân.

De ynkomsten fan de toeristebelesting streame, nei ôftrek fan de administrative kosten, werom nei de sektor rekreaasje en toerisme yn Smellingerlân. Dat giet fia it Platform Gastvrij Smallingerland. Hjirûnder lêze jo mear ynformaasje.

Wit de gemeente al dat jo toeristebelesting ôfdrage moatte?

Dan hawwe jo koartlyn in oanjefteformulier 2023 oer de post krigen. Dat formulier kinne jo ynfolje, ûndertekenje en oan ús werom stjoere.

Wit de gemeente noch net dat jo in akkommodaasje ferhiere?

Meld jo dan earst oan fia belastingen@smallingerland.nl. Fermeld jo namme, wenadres en it adres fan jo akkommodaasje. Wy stjoere jo in útnûgingsbrief mei oanjefteformulier ta. Ek as jo ferhiere fia bygelyks Airbnb moatte jo dat oanjaan by de gemeente.

Wannear moat jo oanjefte binnen wêze?

Jo oanjefte 2023 moat by de gemeente binnen wêze fóár 1 maart 2024. Slagget it net om it oanjefteformulier op 'e tiid yn te foljen en werom te stjoeren? Freegje dan binnen in moanne nei de deitekening fan de útnûgingsbrief skriftlik om útstel foar it dwaan fan oanjefte. Stjoer dêrfoar in brief mei motivaasje nei de gemeente of mail nei belastingen@smallingerland.nl.

Wat bart der nei jo oanjefte?

Wy beoardielje jo oanjefte en berekkenje hoefolle (wetter)toeristebelesting jo ôdrage moatte. Wy stjoere jo dêr in oanslach foar.

Wat bart der as jo net of net op 'e tiid oanjefte dogge?

Wy meitsje in skatting fan it tal oernachtingen. Op grûn fan dy skatting wurdt in oanslach fan amtswegen oplein. Kom tefoaren dat jo tefolle betelje moatte en doch op 'e tiid oanjefte.

Foarbylden fan akkommodaasjes
  • hotel, pensjon
  • bed & breakfast, Airbnb
  • tinte, caravan, sjalet op in camping
  • appartemint, studio
  • fakânsjehûs
  • groepsferbliuw
Hoe en wannear dogge jo oanjefte toeristebelesting?

As jo bekend binne by de gemeente om (wetter)toeristebelesting ôf te dragen, dan krije jo yn desimber of jannewaris berjocht fan ús hoe't jo oanjefte (wetter)toeristebelesting dwaan kinne.

As eigener binne jo ferantwurdlik foar it oplizzen en barren fan de (wetter)toeristebelesting yn in kalinderjier. Nei ôfrin fan it kalinderjier sil de barde (wetter)toeristebelesting ôfdroegen wurde oan de gemeente Smellingerlân. Dêr moatte jo in nachtregister foar byhâlde. 

Oernachtingen byhâlde yn in nachtferbliuwregister

Foar de oanjefte toeristebelesting is it belangryk dat jo byhâlde wa't wannear't yn jo akkommodaasje oernachtet. Hâld dy gegevens by yn in eigen reservearringssysteem of brûk it neikommende nachtferbliuwregister:

De neikommende gegevens hâlde jo by yn it register:

  • namme en wenplak fan de gast
  • oankomst- en fertrekdatum
  • oantal nachten foar elke persoan
  • oantal persoanen
  • oantal oernachtingen

Provinsje Fryslân ûndersiket tegearre mei gemeenten de mooglikheid om in digitaal nachtregister yn te fieren. As dêr mear oer bekend is, folget der in ynformaasjegearkomste.

Kosten

It basistaryf is €1,50 per persoan per oernachting.

Oanfoljende tariven

Neist it basistaryf binne der ek oanfoljende tariven foar bygelyks seizoensplakken en wettertoeristebelesting.

De tariven foar in jier- of seizoensplak per mobyl kampearûnderkommen, fakânsjeûnderkommen of steancaravan dy't brûkt wurdt foar rekreaasje binne:

  • € 135,00 it jier op fêste jierplakken
  • € 130,00 it jier op fêste seizoensplakken
  • € 120,00 it jier op seizoensplakken

De tariven foar in fêststelde perioade fan net-fêste jier- of seizoensplakken binne:

  • maksimaal € 70,00 per moanne
  • maksimaal € 95,00 foar twa moanne
  • maksimaal € 120,00 foar trije moanne

De tariven foar de wettertoeristebelesting foar oernachtsjen op in fêst lisplak, neist it basistaryf, binne:

  • € 40,00 it jier foar boaten mei in fêst lisplak
  • € 135,00 it jier foar wenarken mei in fêst lisplak (as der in belestingplichtige as bedoeld yn artikel 3, earste lid, oanwiisd is)
Platform Gastvrij Smallingerland

Platform Gastvrij Smallingerland is in platfoarm dêr't ûndernimmers út de sektor rekreaasje en toerisme inoar fine en mei-inoar oplûke om moaie (toeristyske) produkten  en tsjinsten te ûntwikkeljen, de merk te ferkennen en Smellingerlân op 'e kaart te setten. 

Hawwe jo fragen oer Platform Gastvrij Smallingerland? Dan kinne jo maile nei info@platformgastvrijsmallingerland.nl.