Rioel- en wettersoarchheffing

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân docht de gemeenteried it foarstel om de lesten foar de rioelheffing earliker te ferdielen oer ynwenners en bedriuwen (en eigeners/brûkers fan net-wenningen). No betellet in húshâlding noch itselde as in grut bedriuw. Dat feroaret mei yngong fan 2026 as it oan it kolleezje leit.

De oanpaste rioelheffing bestiet dan út twa tariven: in rioeltaryf en in wettersoarchtaryf.

Wêrom dy oanpassing?

  • Foar in earliker ferdieling fan de rioelheffing tusken ynwenners en bedriuwen (en eigeners/brûkers fan net-wenningen).
  • De kosten foar it rioel geane omheech troch priisstigingen en ferâldering.
  • De kosten foar it opfangen fan reinwetter en it op peil hâlden fan grûnwetter geane omheech troch klimaatferoaring (mear drûchte en stjalprein).

Wat feroaret der?

De rioelheffing bestiet aanst út twa tariven:

  1. Rioeltaryf
    • Foar wenningen:
      • Fêst taryf foar de wenning (eigenersdiel)
      • Ekstra taryf foar ien- of mearpersoanshúshâlding (brûkersdiel)
    • Foar net-wenningen:
      • Fêst taryf foar it pân (eigenersdiel)
      • Taryf foar elke oanfierde of oppompte kúb wetter (brûkersdiel)
  2. Wettersoarchtaryf
    • Wurdt berekkene op basis fan de WOZ-wearde fan de wenning of it bedriuwspân

De gemeenteried moat noch in beslút nimme

Op tiisdei 7 oktober 2025 fergadert de gemeenteried oer it foarstel foar de nije rioelheffing. Lês ek it riedsfoarstel (pdf 240 kB).

Jo miening jaan

Wolle jo jo miening jaan oer it foarstel om de rioelheffing oan te passen? Kom dan nei de Rûne Tafel fan de gemeenteried op tiisdei 23 septimber 2025. By de Rûne Tafel sammelt de gemeenteried safolle mooglik ynformaasje oer de ûnderwerpen dy't op 'e aginda steane. Sadwaande kinne sy letter, by it nimmen fan beslissingen, in goed trochtochte kar meitsje.

Oanmelde kin oant 23 septimber 12.00 oere troch in mail te stjoeren nei griffie@smallingerland.nl of belje nei 0512 581 234.

Ynformaasjegearkomsten foar bedriuwen

Bedriuwen yn 'e gemeente Smellingerlân binne útnûge foar ynformaasjegearkomsten op 2, 3, 9 en 10 septimber 2025 om bypraat te wurden oer dit foarstel. Hawwe jo jo noch net oanmeld? Dat kin fia it online formulier.

Wannear giet de nije rioelheffing yn?

As de gemeenteried beslút dat de nije rioelheffing trochgiet, giet de feroaring yn fan 2026 ôf. Jo sjogge de feroaring dan op de oanslach gemeentlike belestingen dy't jo ein febrewaris 2026 krije. De oanpaste rioelheffing hjit dan: rioel- en wettersoarchheffing.

Lês ek it parseberjocht.

Fragen dy't in soad steld wurde oer de oanpassing rioelheffing

Wa betellet de rioelheffing?

Eigeners en brûkers fan in wenning of in net-wenning betelje rioelheffing.

  • Binne jo eigener fan in wenning of in net-wenning (bygelyks in bedriuwspân)? Mar brûke jo de wenning of net-wenning sels net? Dan betelje jo allinnich it eigenerdiel.
  • Binne jo gjin eigener fan de wenning of net-wenning, mar brûke jo de wenning of net-wenning wol? Bygelyks omdat jo hierder binne? Dan betelje jo it brûkersdiel.
  • Binne jo sawol de eigener as de brûker fan de wenning of net-wenning? Dan betelje jo beide dielen.

Wat betelje/betelle ik yn 2025 oan rioelheffing?

Rioelheffing         Bedrach
Eigener           € 205,-
Brûker         € 116,-

Dy bedraggen binne foar elkenien itselde.

Wêrom feroaret de rioelheffing?

  • Foar in earliker ferdieling fan de rioelheffing tusken ynwenners en bedriuwen (en eigeners/brûkers fan net-wenningen).
  • De kosten foar it rioel geane omheech troch priisstigingen en ferâldering.
  • De kosten foar it opfangen fan reinwetter en it op peil hâlden fan grûnwetter geane omheech troch klimaatferoaring (mear drûchte en stjalprein).

Wat is der oars oan de rioelheffing fan 2026 ôf?

Yn 2025 betellen jo allinnich rioelheffing foar it yn stân hâlden fan it rioelstelsel. Fan 2026 ôf betelje jo ek foar wettertaken. De rioelheffing bestiet yn 2026 út twa dielen:

  1. Rioeltaryf
    • Foar wenningen:
      • Fêst taryf foar de wenning (eigenersdiel)
      • Ekstra taryf foar ien- of mearpersoanshúshâlding (brûkersdiel)
    • Foar net-wenningen:
      • Fêst taryf foar it pân (eigenersdiel)
      • Taryf foar elke oanfierde of oppompte kúb wetter (brûkersdiel)
  2. Wettersoarchtaryf
    • Wurdt berekkene op basis fan de WOZ-wearde fan de wenning of it bedriuwspân (allinnich foar brûkers)

Kriget de rioelheffing in oare namme?

Ja. Fan 2026 ôf hjit dy belesting de rioel- en wettersoarchheffing. Dy namme stiet ek op de belestingoanslach dy't jo yn 2026 krije.

Wat betelje ik yn 2026 oan rioel- en wettersoarchheffing?

De gemeenteried moat de bedraggen noch offisjeel fêststelle. Ein 2025 binne de eksakte tariven en berekkeningen bekend.

Wat binne wettertaken?

Bygelyks it ôffieren fan reinwetter en it op peil hâlden fan it grûnwetter. Yn it feroarjende klimaat freget dat om flinke útdagingen. Wy hawwe hieltyd faker te krijen mei stjalprein of just drûchte. Troch klimaatferoaring freget dat mear ynset as eartiids.