Meast stelde fragen oer de WOZ
De WOZ-wearde is in sa goed mooglike skatting fan de ferkeappriis fan jo wenning as dy op de weardepeildatum ferkocht wêze soe. De weardepeildatum leit altyd op 1 jannewaris fan it jier dêrfoar.
De WOZ-wearde is it skatte bedrach fan in wenning wannear't dy op de weardepeildatum ferkocht wêze soe. Jo wenning wurdt fergelike mei fergelykbere wenningen dy't yn 2024 en de earste helte fan 2025 ferkocht binne. Dy fergeliking wurdt makke op basis fan merkgegevens lykas ferkeapprizen fan fergelykbere wenningen en op basis fan objektkenmerken:
- Boujier
- Type wenning (bygelyks frijsteand, rychjewenning, appartemint)
- Tal fjouwerkante meters fan it wenoerflak
- Grutte fan it perseel
- Steat fan de wenning
- Bygebouwen (bygelyks skuorre, carport, oerkaping)
De wenningen hoege net itselde te wêzen om mei-inoar fergelike te wurden. Wenningen wurde fergelike op basis fan boppesteande kenmerken.
De WOZ-wearden fan wenningen binne iepenbier. Jo kinne jo WOZ-wearde fergelykje mei dy fan oare wenningen fia it WOZ-weardeloket.
Neist de WOZ-wearde toant it loket ek gegevens út de Basisregistraasje Adressen en Gebouwen (BAG). Bygelyks it boujier, wenfunksje en de oerflakte. Klopje de gegevens yn de BAG neffens jo net? Meld dat dan fia de knop 'fout melden' op de webside fan it Kadaster.
Op de webside kinne jo it taksaasjeferslach fan jo wenning rieplachtsje fia de Digitale Belestingbaly.
Tink derom: Allinnich dyjinge dy't de beskikking op namme krigen hat, kin it taksaasjeferslach ynsjen.
It taksaasjeferslach lit sjen hoe't de wearde fan jo wenning ta stân kommen is. It taksaasjeferslach jout in oersjoch mei hokker kenmerken en objektûnderdielen rekken hâlden is by de wurdearring. Bygelyks boujier fan de wenning, type wenning, grutte fan de wenning, grûnoerflak, steat fan de wenning en de bygebouwen.
Yn it taksaasjeferslach steane ek trije fergelykbere wenningen dy't om de weardepeildatum hinne ferkocht binne. De ferkochte wenningen hoege net itselde te wêzen as jo wenning. Nei alle gedachten sille se op ûnderdielen ferskille. Mei dy ferskillen wurdt rekken hâlden yn de wurdearring.
Is jo wenning yn 2025 feroare troch bygelyks in ferbouwing? Of bouwe jo in nij hûs? Dan hat dat effekt op de WOZ-wearde. De taksateur sjocht dan nei de situaasje fan it pân op 1 jannewaris 2026. Is de ferbouwing dan klear, dan wurdt dat ek meinaam yn jo WOZ-wearde. By nijbou wurdt sjoen hoe fier't jo binne mei de wenning op 1 jannewaris 2026. As de wenning noch net klear is, dan wurdt dêr rekken mei hâlden yn de wurdearring. Jo wenning wurdt wol taksearre nei de weardepeildatum fan 1 jannewaris 2025.
Alle jierren wurdt opnij de WOZ-wearde fêststeld mei de ferkeapsifers fan fergelykbere wenningen. Sadwaande wurde de ûntwikkelingen op de wenningmerk folge. Hawwe jo ferline jier beswier makke tsjin jo WOZ-wearde, dan betsjut dat net dat de WOZ-wearde fan dit jier gelyk bleaun is.
Dat komt faak troch ferskillen yn objektkenmerken of ûnderdielen fan de beide wenningen. Jo kinne dêrby tinke oan dat jo in gruttere wenning hawwe, in grutter perseel, dakkapel, bettere steat fan de wenning of ferskil yn bygebouwen/garaazje.
Is it foar jo ûndúdlik en wolle jo dêroer yn petear mei in taksateur? Meitsje dan in ôfspraak foar it telefoanysk WOZ-taksaasje-sprekoere.
Der binne bedriuwen dy't foar jo 'fergees' beswier meitsje kinne. Echt fergees is dat net. By in lytse oanpassing fan de WOZ-wearde krije dy buro's in fergoeding fan in pear hûndert euro, betelle mei mienskipsjild. Jo foardiel is dat jo in pear euro belestingjild weromkrije. Mar dat krije jo ek as jo sels beswier meitsje.
Fine jo dat de WOZ-wearde net kloppet, meitsje dan earst in ôfspraak foar it telefoanysk WOZ-taksaasje-sprekoere. Persoanlik kontakt is flugger en nofliker as it meitsjen fan in beswier. Jo fragen kinne fuortendaliks beäntwurde wurde troch de taksateur en is de WOZ-wearde net goed, dan passe wy it oan.
Hawwe jo jo taksaasjeferslach besjoen, de WOZ-wearden op it WOZ-weardeloket en hawwe jo noch fragen dy't net beäntwurde binne? Nim dan kontakt op mei ús taksateur. Meitsje dan in ôfspraak foar it telefoanysk WOZ-taksaasje-sprekoere.
Wolle jo graach fia de telefoan in ôfspraak meitsje? Dan kinne jo ús belje op 0512 581 234.
Binne jo it nei it oerlis mei de taksateur noch net iens mei de WOZ-wearde of útlis? Dan kinne jo binnen 6 wike nei de datum fan de WOZ-beskikking fergees beswier meitsje.
Dat regelje jo sels ienfâldich op ús webside. Jo beswier wurdt ek flugger ôfhannele. Ferline jier hie 80% al in útspraak op it beswier fóár 1 july 2025. De proseduere fia in no-cure-no-pay-buro is komplekser en duorret langer. Fia ús online formulier op de webside wurde jo yn in pear stappen begelaat oant it yntsjinjen fan it beswierskrift.
By it yntsjinjen fan it beswier is it ek mooglik om bestannen ta te foegjen, om jo beswier te ferdúdlikjen. Lykas in resint taksaasjerapport of foto's fan de steat fan ûnderhâld of binnenkant fan jo wenning. Dat soarget foar in flotte ôfhanneling fan jo beswier.
Foar de taksaasje fan jo wenning brûke wy as weardepeildatum 1 jannewaris 2025. Dat betsjut dat wy sjogge nei de wearde fan jo wenning op dy datum. Om de wearde te bepalen, fergelykje wy jo wenning mei fergelykbere wenningen dy't ferkocht binne yn de perioade fan 6 moanne foar oant 6 moanne nei 1 jannewaris 2025. Wy sjogge dat wenningen om 1 jannewaris 2025 hinne foar hegere bedraggen ferkocht binne as in jier earder. In soad wenningen binne yn dy perioade sels boppe de fraachpriis ferkocht.
De gemeente is wetlik ferplichte om de WOZ-wearde fêst te stellen op basis fan de merkwearde. Troch it omheechgean fan de ferkeapprizen kin dat ynfloed hawwe op de WOZ-wearde fan jo wenning.
Foardat de WOZ-wearden bekendmakke wurde, binne dy hifke troch de Wurdearringskeamer. De Wurdearringskeamer kontrolearret oft de gemeente de WOZ-wearden soarchfâldich en neffens de regels fêststelt.
- Besjoch jo taksaasjeferslach.
- Kontrolearje oft jo wenninggegevens klopje.
- Fergelykje mei ferkeapprizen fan fergelykbere wenningen.
Twivelje jo noch? Meitsje dan in telefoanyske ôfspraak mei it taksaasjesprekoere.
Nee. De WOZ-wearde is gjin middel om ekstra jild binnen te heljen. De wearde wurdt brûkt om de belestingen earlik te ferdielen oer ynwenners.
- Hat jo wenning in hegere wearde? Dan betelje jo in grutter part fan de belesting.
- Hat jo wenning in legere wearde? Dan betelje jo in lytser part.
De totale belestingopbringst foar de gemeente feroaret net troch hegere of legere WOZ-wearden. Sa soargje wy foar in earlike en transparante ferdieling fan de lêsten.
De WOZ-wearde is mear as in getal op de brief fan de gemeente. De wearde hat ynfloed op ferskate belestingen en soms ek op oare finansjele saken. De wOZ-wearde wurdt ûnder mear brûkt foar:
Gemeentlike belestingen
Bygelyks de ûnreplikesaakbelesting (OZB yn it Nederlânsk). Hoe heger de WOZ-wearde, hoe heger it bedrach wêze kin dat jo betelje.
De gemeenteried stelt alle jierren de belestingtariven fêst. Dat bart op basis fan de gemeentebegrutting. De WOZ-wearde wurdt brûkt om de belestingen earlik oer ynwenners te ferdielen.
Wetterskipsbelesting
Ek it Wetterskip brûkt de WOZ-wearde by it fêststellen fan guon heffingen.
Ynkomstebelesting (eigenwenningforfait)
Binne jo eigener fan in wenning? Dan brûkt de Belestingtsjinst de WOZ-wearde om it eigenwenningforfait te berekkenjen.
Belesting yn boks 3
By in twadde wenning of in ferhierde wenning spilet de WOZ-wearde in rol by de belesting oer jo fermogen.
Jo hypoteek
De WOZ-wearde kin ynfloed hawwe op de rinte fan jo hypoteek. Is de wearde fan jo wenning (folle) heger as jo hypoteekskuld? Dan kin dat geunstich wêze foar jo rintepersintaazje.
Wat betsjut dat foar jo?
De WOZ-wearde hat dus ynfloed op jo portemonnee. Wat jo úteinlik betelje, hinget ôf fan twa dingen:
- De wearde fan jo wenning.
- De tariven dy't ferskate oerheden fêststelle.
In hegere WOZ-wearde kin betsjutte dat jo mear belesting betelje. In legere wearde kin bygelyks gefolgen hawwe by ferkeap fan jo wenning.
Betroubere weardebepaling
Dêrom is it belangryk dat de WOZ-wearde soarchfâldich fêststeld wurdt. De Wurdearringskeamer hâldt tafersjoch op de útfiering fan de Wet WOZ. Dy kontrolearret oft gemeenten de regels goed tapasse en oft de fêststelde WOZ-wearden betrouber binne.