Leezjes en tariven

De leezjes binne de kosten dy't jo as ynwenner of ûndernimmer betelje moatte as jo in tsjinst of produkt fan de gemeente ôfnimme. Bygelyks as jo jo paspoart of rydbewiis fernije moatte, mar ek as jo in oanfraach foar in bou- of omjouwingsfergunning dogge.

Wêrom heffe wy leezjes?

It is gebrûklik dat dyjinge dy't de tsjinst of it produkt ôfnimt, de kosten (leezjes) dêrfoar hielendal of foar in part sels betellet. Sa soargje wy derfoar dat net alle ynwenners meibetelje oan tsjinsten dêr't in tal minsken gebrûk fan makket.

Hichte fan de leezjes

De hichte fan de leezjes wurdt foar in part lanlik en foar in part troch de gemeente sels fêststeld. De leezjes ferskille per oanfraach. De hichte fan dy kosten wurdt oan 'e ein fan elk jier troch de gemeenteried fêststeld. Moatte jo betelje foar in produkt of tsjinst? Dan is dat oanjûn by it produkt of de tsjinst. Meastentiids betelje jo op it stuit fan de oanfraach.

Leezjesferoardering

Yn de leezjesferoardering stiet wat de tariven per tsjinst binne. Dêrby wurdt rekken hâlden mei de kosten dy't ferbûn binne oan it leverjen fan de spesifike tsjinsten.

Mear ynformaasje en kontakt

Hawwe jo fragen of wolle jo mear ynformaasje oer de leezjes? Nim dan kontakt op mei de gemeente. Dat kin fia ús kontaktformulier of troch te beljen nei 0512 58 12 34.