Forinzebelesting
Jo betelje forinzebelesting as jo mear as 90 dagen in meubilearre wenning beskikber hawwe foar josels of jo húshâlding en jo yn in oare gemeente wenje. Mei dy belesting betelje jo mei oan de foarsjenningen dy't de gemeente fersoarget.
Taryf forinzebelesting
Forinzebelesting | Taryf it jier |
---|---|
Foar elke meubilearre wenning | € 842,- |
Wannear moat ik forinzebelesting betelje?
As jo op syn minst 90 dagen de beskikking hawwe oer in meubilearre wenning yn ús gemeente en jo yn in oare gemeente wenje. It is net needsaaklik dat jo echt mear as 90 dagen yn 't jier yn de meubilearre wenning oanwêzich binne. It giet derom dat jo dêr mear as 90 dagen yn 't jier wêze kinne soene.
Wat is in meubilearre wenning?
In meubilearre wenning yn de sin fan de forinzebelesting hoecht gjin ûnreplike saak te wêzen. Bepalend is oft it objekt 'bestimd is om min ofte mear duorsum foar minsklike bewenning te tsjinjen'. De geskiktens foar minsklike bewenning hoecht net it hiele jier troch te duorjen. Saken lykas in itensied- en in waskgelegenheid, in elektrisiteits- en in wetteroansluting en in oansluting op de riolearring kinne in rol spylje by de beoardieling oft der sprake is fan in meubilearre wenning. Ek steancaravans kinne ûnder omstannichheden oanmerke wurde as meubilearre wenningen. As dat it gefal is, wurdt foar dy caravans forinzebelesting heven yn stee fan toeristebelesting.
Wêrom moat ik forinzebelesting betelje?
Troch forinzebelesting te beteljen drage jo ek by oan de algemiene foarsjenningen yn de gemeente. De opbringst wurdt nammentlik brûkt om de gemeentlike foarsjenningen op peil te hâlden. Tink dêrby oan kosten foar kultuer, iepenbier grien en ferljochting.
Mear ynformaasje?
Wolle jo alle regels fan de forinzebelesting witte? Sjoch dan yn de feroardering.