Privacyferklearring

Gemeente Smellingerlân fynt jo privacy belangryk by it útfieren fan har wurksumheden. Jo hawwe der rjocht op dat wy goed en feilich mei jo persoansgegevens omgean.

AVG

Dat is fêstlein yn de Algemene Verordening Gegevensbescherming (AVG) en de dêrby hearrende Uitvoeringswet (UAVG). De AVG jout algemiene regels dêr't gemeente Smellingerlân har oan hâlde moat by de ferwurking fan jo persoansgegevens. Mei dy ferklearring wol de gemeente jo op in dúdlike manier útlizze hoe 't gemeente Smellingerlân mei jo persoansgegevens omgiet.

Omdat gemeente Smellingerlân yn bepaalde situaasjes plysjegegevens ferwurket, is de Wet Plysjegegevens (Wpg) yn in oantal gefallen fan tapassing, bygelyks as it giet om de ferwurking fan persoansgegevens troch in bûtengewoan opspoaringsamtner (boa). Gemeente Smellingerlân hat boa's yn tsjinst foar it tafersjoch op en de hanthavening fan de iepenbiere oarder en it ûnderwiis. Dy privacyferklearring sjocht ek ta op de ferwurkingen dy 't útfierd wurde ûnder de Wet Plysjegegevens.

Funksjonaris Gegevensbeskerming

De oanstelde Funksjonaris Gegevensbeskerming is in ûnôfhinklike tafersjochhâlder dy 't binnen de organisaasje kontrolearret oft de gemeente har hâldt oan de ôfspraken fan de AVG en de Wet Plysjegegevens. Om dat dwaan te kinnen, kin de Funksjonaris Gegevensbeskerming:

  • ynformaasje sammelje oer gegevensferwurkingen binnen de gemeente;
  • dy ferwurkingen ûndersykje en beoardielje oft se oan de AVG en Wpg foldogge;
  • ynformaasje, advizen en tips jaan oan de organisaasje;
  • optrede as kontaktpunt foar de Autoriteit Persoansgegevens.

Kontakt

As ynwenner kinne jo fragen stelle oer de ferwurkingen fan persoansgegevens. Om kontakt op te nimmen mei de Funksjonaris Gegevensbeskerming kinne jo in mail of brief stjoere oan:

Gemeente Smellingerlân
o.f. S. Eppinga 
Postbus 10.000
9200 HA Drachten

Of via e-mailadres: privacy@smallingerland.nl

Wêrom ferwurket de gemeente jo persoansgegevens?

De gemeente is wetlik ferplichte om bepaalde gegevens te bewarjen. De gemeente hat bygelyks persoansgegevens nedich foar it útfieren fan har publykrjochtlike taken, lykas:​​​​​​

  • It beoardieljen fan jo oanfraach;
  • It regeljen fan jo betelling;
  • Om jo belje te kinnen as dat nedich is;
  • Om jo te ynformearjen oer feroaringen fan ús tsjinsten en produkten;
  • Om wat by jo thús te bringen;
  • As wy hjir wetlik ta ferplichte binne, it sammeljen fan gegevens dy 't wy nedich hawwe foar de belestingoanslach.

Fan de Wet Plysjegegevens út ferwurket de gemeente plysjegegevens foar ferskate doelen, bygelyks:

  • It skriuwen fan in proses-ferbaal as jo in strafber feit plege hawwe;
  • It behanneljen, opskriuwen en ôfrûnjen fan betellingen dy 't te krijen hawwe mei it proses-ferbaal, lykas it takennen fan beswieren, it tapassen fan de kûlânsjeregeling, it tapassen fan ferminderingen en betellingsregelingen;
  • Undersyk nei en opspoaren fan dieders en strafbere feiten;
  • Opspoaring fan dieders fan flibeynsidinten om ferfolging troch it Iepenbier Ministearje mooglik te meitsjen.

Yn it kader fan de Wet Plysjegegevens (Wpg) ferwurket gemeente Smellingerlân jo gegevens yn trije domeinen:

  1. Iepenbiere romte – gemeente Smellingerlân ferwurket jo gegevens by oertrêding foar de strafrjochtlike hanthavening yn de Iepenbiere Romte op basis fan artikel 8 fan de Wpg.
  2. Learplicht – gemeente Smellingerlân ferwurket jo gegevens foar de hanthavening fan de Learplichtwet, as jo dy oertrêdzje op basis fan artikel 8 fan de Wpg.
  3. Wurk, ynkommen en soarch – gemeente Smellingerlân ferwurket jo gegevens foar de strafrjochtlike hanthavening fan sosjale wetjouwing, lykas de Partisipaasjewet op basis fan artikel 9 fan de Wpg.
Hokker persoansgegevens ferwurket de gemeente?

Om de tsjinstferliening sa goed mooglik ferrinne te litten, sammelt de gemeente persoansgegevens. Watfoar type persoansgegevens hinget ôf fan it doel fan de ferwurking dêr't wy jo gegevens foar nedich hawwe. Foarbylden fan persoansgegevens binne:

  • Namme, adres en wenplak;
  • Geslacht;
  • Bertedatum;
  • Berteplak;
  • Boargerlike steat;
  • Telefoannûmer;
  • E-mailadres.

Yn guon needsaaklike gefallen giet it om bysûndere en/of gefoelige persoansgegevens fan jo. Dat binne bygelyks:

  • Gegevens oer jo bank en bankrekkennûmer;
  • Ynformaasje oer jo sûnens;
  • Jo Boargerservicenûmer (BSN).

Foar de Wet Plysjegegevens kin de gemeente de neikommende gegevens sammelje:

  • Kontaktgegevens;
  • Berteplak en bertedatum;
  • Omskriuwing strafber feit;
  • Boargerservicenûmer (BSN);
  • Identiteitsbewiis en identiteitsnûmer;
  • Finansjele gegevens.
Hoe ferwurket de gemeente jo gegevens?

De gemeente Smellingerlân ferwurket gjin persoansgegevens sûnder reden. Dit hâldt yn dat de gemeente derfoar soarget dat de persoansgegevens allinnich foar bepaalde, útdruklik omskreaune en rjochtfeardige doelen sammele en ferwurke wurdt. Persoansgegevens wurde allinnich mei in rjochtfeardige reden ferwurke, nammentlik tastimming, útfiering oerienkomst, wetlike ferplichting, beskerming fitale belangen, algemien belang/iepenbier gesach, of rjochtfeardige belang. Yn de measte gefallen ferwurket de gemeente jo persoansgegevens omdat dat needsaaklik is foar de ynfolling fan in wetlike ferplichting, in taak fan algemien belang of omdat it needsaaklik is om de publike taken útfiere te kinnen.

Under de Wet Plysjegegevens ferwurket de gemeente plysjegegevens ûnder in wetlike ferplichting. De boa's ferwurkje sadwaande plysjegegevens op grûn fan:

  • Wetboek fan Straffoardering;
  • Beslút bûtengewoan opspoaringsamtner;
  • Algemiene Pleatslike Feroardering (APF);
  • Learplichtwet.
Ferwurkingenregister

Wy fine in iepen tsjinstferliening belangryk en hâlde dêrom in AVG- en Wet Plysjegegevens-register fan de ferwurkingsaktiviteiten by. Wy ferwurkje de neikommende gegevens yn it AVG-register:

  • Wat it doel is fan de gegevensferwurking;
  • Hokker persoansgegevens der ferwurke wurde;
  • Fan wa't wy de persoansgegevens krigen hawwe;
  • Wa't ferantwurdlik is foar de gegevensferwurking;
  • Wa't belutsen binne by de gegevensferwurking;
  • Oan wa't de persoansgegevens mooglik jûn wurde;
  • Hokker besluten automatisearre nommen wurde;
  • De bewar- en ferneatigingsterminen;
  • De troffen befeiligingsmaatregels.

Yn it Wet Plysjegegevens-register ferwurkje wy de neikommende gegevens:

  • Namme en kontaktgegevens fan de ferwurkingsferantwurdlike, de mei-inoar ferwurkingsferantwurdliken en de Funksjonaris Gegevensbeskerming;
  • Wat it doel is fan de ferwurking;
  • In beskriuwing fan de kategoryen fan belutsenen;
  • De kategoryen fan persoansgegevens;
  • As it foarkomt, gebrûk fan profilearring;
  • Oan wa't de plysjegegevens eventueel ferstrekt wurde;
  • Wat de reden is fan de ferwurking;
  • De bewar- en ferneatigingsterminen;
  • De troffen befeiligingsmaatregels;
  • It takennen fan autorisaasjes.

Ferwurkers en ûntfangers

Om de tsjinstferliening foar de boarger sa goed mooglik ferrinne te litten, wurkje wy as gemeente gear mei ferskate partners, ynstellingen, oanbieders en oare oerheidsynstellingen, lykas:

  • Soarchoanbieders;
  • Maatskiplik tsjinstferlieners;
  • Skuldhelpferlieners;
  • UWV;
  • Reyntegraasjeburo's.

Mei alle gearwurkjende partijen wurde goede ôfspraken makke oer it beskermjen fan jo privacy. Dy ôfspraken steane yn de wet of yn in ferwurkersoerienkomst.

Soms is it nedich dat de gemeente jo plysjegegevens oan tredden jout. Bygelyks oan:

  • It Sintraal Justitieel Ynkassoburo (SJYB) as jo jo boete net op tiid betelle hawwe;
  • It Iepenbier Ministearje (IM);
  • De plysje;
  • Buro HALT;
  • Ried foar de Bernebeskerming.
Bewarterminen

De AVG stelt gjin dúdlike bewarterminen foar persoansgegevens. It doel is dat persoansgegevens net langer bewarre wurde as needsaaklik is. It bewarjen fan persoansgegevens kin nedich wêze om de gemeentlike taken goed útoefenje te kinnen of om wetlike ferplichtingen goed neilibje te kinnen. Wat it bewarjen fan gegevens oangiet, ken de Argyfwet gjin algemiene bewartermyn foar argyfbestannen.

Yn bepaalde wetjouwingen, lykas de belestingwetjouwing, wurde wol dúdlike bewarterminen neamd. As it nedich is, is de gemeente ferplichte om har te hâlden oan de bewarterminen dy 't neamd wurde yn dy wetten. Mocht der dochs gjin sprake wêze fan in dúdlike bewartermyn, dan kin de gemeente har rjochtsje op de seleksjelisten. De Feriening Nederlânske Gemeenten hat foar dielnimmende gemeenten, wêrûnder de gemeente Smellingerlân, in seleksjelist makke om de bewarterminen fêst te stellen, nammentlik de Seleksjelist gemeenten en yntergemeentlike organen 2020.

As de bewartermyn ferrûn is, is de gemeente ferplichte om de dokuminten te ferneatigjen. Yn útsûnderlike gefallen wurdt oerheidsynformaasje foar altyd bewarre.

Gegevens dy 't sammele wurde op basis fan Artikel 8 fan de Wet Plysjegegevens meie oant fiif jier nei de earste ferwurkingsdatum mei in doelfêste sykfraach besjoen en ferwurke wurde. Foarbylden fan persoansgegevens binne:

  • Namme;
  • Adres;
  • Kenteken.

Dêrnei meie se fiif jier bewarre wurde en dêrnei moatte se ferwidere wurde. Yn totaal wurde dy gegevens dus tsien jier bewarre.

Rjochten fan belutsenen

As wy jo persoansgegevens ferwurkje, kinne jo wetlik sjoen berop dwaan op in oantal rjochten, nammentlik:

  • Rjocht op dúdlike ynformaasje – Jo hawwe it rjocht om oan de gemeente te freegjen oft persoansgegevens fan jo ferwurke wurde.
  • Rjocht op ynsjen – Jo hawwe de mooglikheid om te kontrolearjen of, en op hokker wize, jo gegevens ferwurke wurde.
  • Rjocht op rektifikaasje en oanfolling – As dúdlik wurdt dat persoansgegevens net klopje, kinne jo in fersyk yntsjinje by de gemeente om dat te feroarjen.
  • Rjocht op it beheinen fan de ferwurking – Jo hawwe it rjocht om oan de gemeente te freegjen om jo persoansgegevens net mear te brûken.
  • Rjocht op ferjitnis – Yn it gefal dat jo tastimming jûn hawwe om gegevens te ferwurkjen, hawwe jo it rjocht om de persoansgegevens ferwiderje te litten.
  • Rjocht op beswier – Jo hawwe it rjocht om beswier te meitsjen tsjin de ferwurking fan jo persoansgegevens. De gemeente sil dêroan foldwaan, of it moat wêze dat der rjochtfeardige grûnen binne foar de ferwurking dy 't swierder wage.

Under de Wet Plysjegegevens binne jo rjochten oars as dy ûnder de AVG. Yn dit gefal hawwe jo it rjocht om plysjegegevens te besjen dy 't de gemeente ûnder de Wet Plysjegegevens fan jo ferwurket. Dêrfoar kinne jo ek skriftlik of online in oanfraach yntsjinje. De rjochten dy 't jo hawwe ûnder de Wet Plysjegegevens binne:

  • Rjocht op ynsjen;
  • Rjocht op rektifikaasje en oanfolling;
  • Rjocht op ferjitnis.

As jo gebrûk meitsje wolle fan dy rjochten kinne jo dêrfoar in fersyk om ynsjen by ús yntsjinje. It yntsjinjen fan sa'n fersyk kinne jo op twa manieren dwaan:

  1. Mei in brief oan: Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan de gemeente Smellingerlân o.f. Team Concern, Postbus 10.000, 9200 HA Drachten;
  2. Troch it ynfoljen fan in online fersykformulier.

AVG-fersyk yntsjinje

Wpg-fersyk yntsjinje

Tsjinje jo it fersyk skriftlik yn, dan moatte jo jo noch wol by ús legitimearje mei in jildich identiteitsbewiis. Dat kinne jo dwaan troch nei it gemeentehûs te kommen en jo identiteitsbewiis sjen te litten mei it oanjaan fan it saaknûmer dat jo krije by de ûntfangstbefêstiging, of troch in kopy fan jo identiteitsbewiis te stjoeren fia e-mail of post. As jo in kopy fan jo identiteitsbewiis fia e-mail of post oan ús stjoere, dan riede wy jo oan om gebrûk te meitsjen fan de Kopy-ID applikaasje fan de Ryksoerheid. Ferjit dêrby net jo BSN/Pasfoto/MRZ-koade troch te streekjen.

Binne der kosten oan ferbûn?

Us útgongspunt is dat wy gjin kosten by jo yn rekken bringe foar de behanneling fan jo fersyk. As jo fersyk bûtenwenstich is of hieltyd opnij yntsjinne wurdt, kinne wy wol in lytse fergoeding by jo yn rekken bringe of wegerje gefolch te jaan oan jo fersyk.

Fersykproseduere

Hoe wurket it?

Yn it fersyk moatte jo sa dúdlik mooglik oanjaan wat jo krekt freegje of wolle. Binnen ien moanne nei ûntfangst beoardielje wy oft it fersyk rjochtfeardige is.

As jo fersyk yngewikkeld is, kinne wy de beäntwurdingstermyn mei twa moanne ferlinge. Fansels litte wy jo dat sa gau mooglik witte, uterlik binnen ien moanne nei ûntfangst. As jo berop dogge op jo rjocht op ynsjen, kinne jo opfreegje hokker persoansgegevens fan jo bekend binne binnen de gemeente. Jo ûntfange dan in oersjoch mei:

  • De kategoaryen fan persoansgegevens;
  • De ûntfangers fan dy gegevens;
  • It doel dêr't de gegevens foar brûkt wurde;
  • Wêr't de gegevens weikomme.

Jo kinne gjin gebrûk meitsje fan dy rjochten as it giet om gegevens yn by wet ynstelde iepenbiere registers. Foar korreksjes yn de BRP nimme jo kontakt op mei de ôfdieling Publyk, ienheid Klantkontakt. Ek kinne jo gjin gebrûk meitsje fan it rjocht fan ferwidering, as wy de gegevens op basis fan wetlike betingsten bewarje moatte, bygelyks by oanfragen fan útkearing of subsydzje.

De gemeente hat it rjocht om in Wet Plysjegegevens-fersyk ôf te wizen as:

  • It fersyk gerjochtlike ûndersiken of prosedueres tsjinhâlde soe;
  • It neidielige gefolgen hat foar it foarkommen fan it begean fan strafbere feiten, foar opspoaring, ûndersyk, ferfolging of it oplizzen fan straffen;
  • De iepenbiere feiligens yn gefaar is;
  • De rjochten en frijheden fan oaren skeind wurde;
  • De nasjonale feiligens yn gefaar is;
  • De gemeente de wetlike plicht hat dy plysjegegevens te bewarjen;
  • It dúdlik in net grûndearre of bûtenwenstich fersyk is.
Datalekken

Nettsjinsteande de befeiligingsmaatregels dy't de gemeente nommen hat, is it mooglik dat der sa no en dan datalekken foarkomme. Der is bygelyks sprake fan in datalek as  persoansgegevens (by fersin) yn ferkearde hannen kommen binne. Bygelyks as jo in brief krije dy't net foar jo bedoeld is. As jo in datalek tsjinkomme, kinne jo dat melde by ús Funksjonaris Gegevensbeskerming fia privacy@smallingerland.nl

Nei jo melding fan in datalek ûndersykje wy de oarsaak en besykje wy de gefolgen dêrfan te beheinen. As it nedich is, wurdt in melding dien by de Autoriteit Persoansgegevens en/of by de ynwenner. De gemeente hâldt in (yntern) register by dêr't alle feilichheidsynsidinten yn registrearre wurde.

Klacht yntsjinje

Hawwe jo in klacht oer it gebrûk fan jo persoansgegevens? Dan kinne jo in klacht yntsjinje of beswier meitsje by de gemeente fia de klachteside of beswierside.

As jo der mei-inoar net útkomme, kinne jo in klacht yntsjinje by de Autoriteit Persoansgegevens. By in fersyk of in klacht kin de gemeente ekstra ynformaasje opfreegje, bygelyks in legitimaasjebewiis om jo identiteit kontrolearje te kinnen.

Fragen?

As jo fragen hawwe oer de privacyferklearring fan gemeente Smellingerlân dan helpe wy jo fansels graach fierder. Jo kinne dêrta kontakt opnimme mei ús Funksjonaris Gegevensbeskerming. Foar mear ynformaasje oer hoe't de gemeente omgiet mei de privacy fan persoansgegevens kinne jo it Privacybelied​​​​​fan gemeente Smellingerlân rieplachtsje.

Drachten, 1 novimber 2022