Histoarysk argyf ynsjen

Jo kinne by gemeente Smellingerlân terjochte foar in argyfûndersyk, bygelyks genealogysk of histoarysk ûndersyk.

Gemeente Smellingerlân hat in wiidweidich histoarysk argyf. It giet om stikken fan bygelyks:

  • Gemeenteargyf Smellingerlân 1616-1990
  • Algemiene Earmfâdij Drachten 1828-1914
  • Gemeentlike gasfabryk 1901-1923

Sels op ûndersyk út

Jo kinne ek fêst thús sels op ûndersyk útgean. Dat kin fia bygelyks de neikommende websiden:

  • Om mei te begjinnen: op de webside fan KIA fine jo argyftips foar begjinners. 
  • Op de webside Fries Archiefnet fine jo in oersjoch fan de ynventarissen fan ús argiven. Hjir kinne jo fêst de stikken útsykje dy't jo by ús ynsjen wolle. 
  • Op de webside Alle Friezen fine jo de iepenbiere akten fan de Boargerlike Stân en Befolkingsregisters. 
  • De gemeente hat ek in foto-argyf. In part dêrfan is fia de byldbank fan Smelnes Erfskip online te besjen.
  • Wolle jo bûten de grinzen fan Smellingerlân sykje? Sjoch dan op de webside fan Tresoar, de skatkeamer fan Fryslân. 
  • Op de webside Delpher kinne jo in protte kranten, tydskriften en advertinsjes trochsykje.

Argyffraach stelle

Hawwe jo in fraach oer ús argyf of wolle jo stikken ynsjen? Meitsje dan gebrûk fan ús webformulier. 

Stel jo fraach

Jo krije binnen 3 wurkdagen in reaksje op jo ynformaasjefersyk. Foar it rieplachtsjen fan stikken meitsje wy in ôfspraak mei jo.