Finansjele help foar ûndernimmers

Hawwe jo in eigen bedriuw of selsstannich berop en slagget it jo (tydlik) net mear om rûn te kommen? Binne jo in selsstannige professional en ûndernimmer en hawwe jo skulden? Moatte jo jo bedriuw ôfbouwe en beëinigje? Of krije jo in bystânsútkearing en wolle jo foar josels begjinne? De Bbz-konsulinten fan de gemeente advisearje jo oer de mooglikheden út de gemeente wei.

Foar wa?

Yn de neikommende gefallen kinne jo yn oanmerking komme foar finansjele help:

  • Jo krije in bystânsútkearing en wolle in eigen bedriuw starte. Jo witte noch net krekt hoe. Hokker papieren hawwe jo nedich? Binne de plannen helber? Wêr fine jo in geskikt pân? Komme jo yn oanmerking foar in kredyt?
  • Jo wurkje al op syn minst 18 moanne as selsstannige en jo binne yn finansjele problemen kommen. Jo ynkommen is tydlik net genôch om fan rûn te kommen.
  • Jo stopje út need mei jo bedriuw en hawwe net genôch middels om de ôfbouperioade te oerbrêgjen.
  • Jo binne in selsstannich ûndernimmer, berne foar 1 jannewaris 1960 en jonger as de pensjoenberjochtige leeftiid. Jo hawwe net mear genôch ynkommen, mar wolle trochgean mei jo bedriuw. Of jo binne troch omstannichheden twongen om jo bedriuw te beëinigjen.

Dit moatte jo witte

  • Sjoch op www.rijksoverheid.nl foar mear ynformaasje oer de wetlike regelingen (Bbz 2004 en Ioaz).
  • Hat jo bedriuw, organisaasje of ynstelling in fakatuere dêr't net folle oplieding foar nedich is? De gemeente biedt in bydrage yn de leankosten.