Stimme yn in oare gemeente (kiezerspas)

Wolle jo yn in oare gemeente stimme? Freegje dan in kiezerspas oan. Mei in kiezerspas kinne jo stimme yn elke gemeente yn Nederlân.

Kiezerspas oanfreegje

In kiezerspas oanfreegje kin op 3 manieren:

Online

Ynkoarten kinne jo fia dizze side, oant en mei moandei 3 juny 2024, mei jo DigiD in kiezerspas oanfreegje. Wy stjoere jo de kiezerspas sa gau mooglik dêrnei oer de post ta.

Skriftlik

Folje it formulier 'model K 6-1' yn en ûndertekenje it fersyk. Jo stjoere it formulier nei de gemeente. Hawwe jo jo stimpas al ûntfongen? Dan stjoere jo de stimpas mei it formulier nei de gemeente. Jo fersyk moat op syn lêst moandei 3 juny 2024 troch de gemeente ûntfongen wêze. Wy stjoere jo de kiezerspas sa gau mooglik dêrnei oer de post ta.

Freegje de kiezerspas rom op tiid oan! It komt bytiden foar dat de kiezerspas net op 'e tiid besoarge wurdt. Wolle jo der wis fan wêze dat jo de kiezerspas op 'e tiid ûntfange? Kom dan nei it gemeentehûs om de kiezerspas oan te freegjen.

Yn it gemeentehûs

Jo kinne oant en mei woansdei 5 juny 2024, 12.00 oere, yn it gemeentehûs in kiezerspas oanfreegje. Jo hoege gjin ôfspraak te meitsjen. Nim jo stimpas en jo identiteitsbewiis mei.

Tink derom! As jo in kiezerspas oanfreegje, stimme jo allinnich mei dy kiezerspas. Reitsje jo de kiezerspas kwyt? Dan krije jo gjin nije stimpas of kiezerspas. Mear ynformaasje oer de kiezerspas fine jo op de webside fan de Kiesraad.