Stimme foar de Europeeske ferkiezingen as net-Nederlanner

Op 6 juny binne de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint. Jo kinne allinnich stimme as jo de Nederlânske nasjonaliteit hawwe of de nasjonaliteit fan in oar lân út de Europeeske Uny (EU).

Registrearje

Binne jo EU-boarger mar hawwe jo net de Nederlânske nasjonaliteit? En sille jo yn Nederlân stimme? Dan moatte jo jo registrearje. Dat dogge jo troch it formulier Y-32 yn te foljen en yn te leverjen by de gemeente. Mei it formulier ferklearje jo dat jo allinnich yn Nederlân stimme sille.

Jo fine it Y-32 formulier op de webside fan de ryksoerheid. Op dy webside binne ek oersettingen te finen yn it Dútsk, Ingelsk, Frânsk, Italiaansk, Poalsk en Spaansk.

Hawwe jo de Nederlânske nasjonaliteit en wenje jo yn Nederlân? Dan is in formulier net nedich.

Opstjoere of ynleverje

Jo stjoere it ynfolle formulier nei de gemeente. Dat moat op syn lêst op tiisdei 23 april 2024 troch gemeente Smellingerlân ûntfongen wêze.

Stjoer de neikommende taheakken mei:

  • kopy fan jo jildige paspoart út Nederlân of in oar EU-lân, of
  • kopy fan jo jildige rydbewiis út Nederlân of in oar EU-lân, of
  • kopy fan jo identiteitskaart út Nederlân, of
  • kopy fan in dokumint dêr't jo identiteit, nasjonaliteit en ferbliuwsrjochtlike posysje út bliken docht.

Opstjoere kin fia in e-mail nei verkiezingen@smallingerland.nl of oer de post nei de gemeente.

Gemeente Smellingerlân
Team ferkiezingen
Postbus 10.000
9200 HA Drachten

Jo kinne it formulier ek ûnder iepeningstiden ôfjaan by de resepsje yn it gemeentehûs. Jo hoege dêr gjin ôfspraak foar te meitsjen.