De Rekkenkeamerkommisje

De rekkenkeamerkommisje stipet de gemeenteried by syn kontrolearjende taak. Gemeenteried en ynwenners krije sa in goed byld fan hoe't it jild bestege wurdt en wat der terjochte komt fan alle plannen.

Besjoch de animaasje oer de rekkenkeamerkommisje hjir.

Underwerpen

Hokker ûnderwerpen de rekkenkeamerkommisje ûndersiket, bepaalt de kommisje sels. De rekkenkeamerkommisje hat twajierliks oerlis mei de riedsfraksjes om te hearren hokker ûnderwerpen belangryk binne. De ynbring fan de riedsfraksjes wurdt gearfette yn de groslist fan mooglike ûnderwerpen (pdf).

De groslist is foar de rekkenkeamerkommisje in hânfet by de kar fan ûnderwerpen. Mar de keazen ûnderwerpen hoege net beslist op de groslist te stean. De útkomsten fan de ûndersiken rapportearret de kommisje oan de gemeenteried.

7 leden

De rekenkeamerkommisje bestiet yn Smellingerlân út 7 leden, fan wa't der 3 yn de gemeenteried sitte. De oare 4 leden binne eksterne leden. Ek de foarsitter fan de kommisje is in ekstern lid.

De leden fan de rekkenkeamerkommisje

  • Foarsitter: de hear P. den Besten
  • Eksterne leden: de hear P. Koster, mefrou G. Seinen en de hear J. Rijnhart
  • Riedsleden: mefrou J. Mast, de hear W. Cnossen en de hear R. Postma
  • Sekretariaat: mefrou J. Stienstra, telefoan 0512-581568

Rapporten (NL)

  • Participatie en Omgevingswet (pdf)
  • Subsidiebeleid in Smallingerland 2021 (pdf)
  • Eindrapport Evaluatie RKC Smallingerland 2021 (pdf)
  • Quickscan Privacy en informatieveiligheid 2018 (pdf)
  • Quickscan Onderhoud openbare ruimte 2018 (pdf)
  • Eindrapport Jeugdzorg 2017 (pdf)
  • Wmo in 16 Friese gemeenten 2017 (pdf)

Jierferslaggen (NL)

  • Jaarverslag Rekenkamercommissie 2021 (pdf)
  • Jaarverslag Rekenkamercommissie 2020 (pdf)
  • Jaarverslag Rekenkamercommissie 2019 (pfd)

Nijsbrief (NL)

  • Nieuwsbrief RKC voorjaar 2023 (pdf)
  • Nieuwsbrief nazomer 2022 (pdf)