Snoeiwurksumheden yn 2023
Alle jierren yn 'e winter binne der snoeiwurksumheden yn alle wiken en doarpen. Sa hâlde wy de kwaliteit fan it grien op peil. By it snoeien rjochtsje wy ús benammen op beammen, boskplantsoen, strewelleguod en strûkroazen.
Alle jierren oare snoeilokaasjes
Yn de gemeente Smellingerlân is in soad iepenbier grien te finen. Foar dat enoarme oerflak is in goede snoeiplanning fan belang. De gemeente snoeit om beammen en strûken groeie te litten en te soargjen dat se sûn bliuwe. Strûken moatte bygelyks ûntdien wurde fan sike en ôfstoarne plantedielen. En der moat genôch ljocht en lucht tusken de tûken en twigen komme. Dus snoeie betsjut groeie! Ien kear yn de trije oant fiif jier wurde alle plantfekken neirûn en snoeid. De gemeente snoeit dêrom alle jierren in oar part.
Wannear snoeie?
De gemeente snoeit it hiele jier troch, mar it measte snoeiwurk wurdt dien yn it winterskoft, fan novimber oant heal maart, as al it blêd fan de beammen en strûken is. Dan kin der goed sjoen wurde nei de struktuer en de groeiwize. Ek is der dan minder ôffal, sadat der effisjinter wurke wurde kin. Noch in oar foardiel is dat der yn 'e winter gjin fûgelnêsten yn de beammen en strûken sitte.
Wêr?
Wolle jo witte oft yn jo omjouwing it grien ynkoarten snoeid wurdt? Hjirûnder fine jo de snoeilist.
Hawwe jo fragen?
Doch in Melding iepenbiere romte. Wy nimme dan kontakt mei jo op.
Skematysk oersjoch snoeiwurksumheden
Strjitte/plak | Op 'e hichte fan | Objekten foar ûnderhâld |
---|---|---|
Kuinder, dykje by de wei lâns | Snoeie heesterfakken | |
Leppa | nûmer 91 | Tinje en snoeie boskplantsoen |
Sydwende | nûmers 73-89 | Tinje en snoeie boskplantsoen |
Morra | nûmer 68 | Tinje en snoeie boskplantsoen by boartersfjild |
Strjitte/plak | Op 'e hichte fan | Objekten foar ûnderhâld |
---|---|---|
Foarhûs | nûmer 54 | Tinje en snoeie boskplantsoen |
Oprydleane | Wylgen beknotsje |
Strjitte/plak | Op 'e hichte fan | Objekten foar ûnderhâld |
---|---|---|
Buitenstvallaat | nûmer 14a | Wylgen beknotsje |
Parkearterrein Buitenstvallaat | Tinje en fuorthelje oerhinging |
Strjitte/plak | Op 'e hichte fan | Objekten foar ûnderhâld |
---|---|---|
Wetterwille | nûmers 83-93 en 59-71 | Tinje en snoeie boskplantsoen |
De Rival | nûmer 6 | Tinje en snoeie boskplantsoen |
Strjitte/plak | Op 'e hichte fan | Objekten foar ûnderhâld |
---|---|---|
Langewijk | nûmers 42-116 | Ofsette en snoeie heesterfakken |
Bûtewacht | nûmer 55 | Tinje en snoeie heesterstripe |
Foswerd | nûmers 85-95 | Tinje boskje |
Bûtewacht | nûmers 37-47 en 13-23 | Tinje en snoeie heesterfakken |
Tjaarda | parkearterrein | Ofsette Symporicarpos-fakken |
Strjitte/plak | Op 'e hichte fan | Objekten foar ûnderhâld |
---|---|---|
Paardenbloem 2-16 | nûmers 2-16 | Fatsoenearje elzewâl, fuorthelje toarnbeien |
Strjitte/plak | Op 'e hichte fan | Objekten foar ûnderhâld |
---|---|---|
Nachtegaalstraat | nûmers 114-172 | Snoeie heesterfakken |
Harddraversdijk | nûmers 7-33 | Snoeie heesterfakken |
Eibertsbek, achter Noordkade | nûmer 29 | Ofsette heesterfak |
Strjitte/plak | Op 'e hichte fan | Objekten foar ûnderhâld |
---|---|---|
Zwanenbloem foar 3 en 5 | nûmers 3 en 5 | Fuorthelje elzewâl by dobbe |
Strjitte/plak | Op 'e hichte fan | Objekten foar ûnderhâld |
---|---|---|
De Heide | nûmers 4-16 | Tinje en fuorthelje oerhinging |