Oanmelde soarchoanbieders

Wy binne begûn mei de tariedingen fan in nije oanbesteging foar húshâldlike help, deibesteging, koartduorjend ferbliuw en ambulante helpferliening. Jo kinne jo net mear oanmelde foar de hjoeddeistige oerienkomst.

As jo in oanfoljend pakket oanbiede dêr't in soad fraach nei is en dêr't noch net yn foarsjoen is, meitsje wy dêr soms in útsûndering foar. De gemeente beoardielet dan earst jo soarchpakket. Stjoer in e-mail nei contractmanagers@smallingerland.nl. Dêr kinne jo ek terjochte mei fragen.

Besjoch de tariven foar Wmo-tsjinstferliening.