Subsydzje reintonne

In reintonne keapje? De gemeente jout subsydzje. Jo krije maksimaal de helte fan de priis werom, oant in maksimum fan € 25,- de tonne. Binnen fiif wiken krije jo in reaksje op jo subsydzje-oanfraach.

Subsydzje reintonne oanfreegje

Wat hawwe jo nedich?

  • In scan fan de kassabon.

Betingsten

  • Jo wenje yn Smellingerlân;
  • Jo brûke de reintonne op jo wenadres;
  • De reintonne is kocht op of nei 1 jannewaris 2018;
  • De reintonne is kocht by in winkel, boumerk of túnsintrum binnen de gemeente Smellingerlân.

Handich om te witten

  • Jo krije de subsydzje binnen seis wiken op jo bankrekken.
  • Freegje subsydzje oan foar maksimaal twa reintonnen.
  • De gemeente hat in budzjet foar it ferstrekken fan de subsydzjes. Wy behannelje de subsydzje-oanfragen oant it budzjet op is.