Temjittekomming berne-opfang sosjaal-medyske yndikaasje

Foar berne-opfang dy’t om sosjale of medyske reden needsaaklik is en dêr’t jo gjin berne-opfangtaslach of oare fergoeding foar krije, kinne jo by de gemeente in temjittekomming yn de kosten oanfreegje.

Wat hawwe jo nedich?

  • DigiD (ek fan jo partner as jo dy hawwe).
  • Kopy fan kontrakt of offerte fan de berne-opfangorganisaasje.
  • Kopy ID-kaart of paspoart.
  • Eventueel in advys of yndikaasje fan in dokter, jongereinsoarch, konsultaasjeburo, GGD of oare relevante ynstânsje.

Handich om te witten

  • As der gjin (tarikkende) yndikaasje is, kin in sosjaal of medysk advys troch in ûnôfhinklike ynstânsje diel útmeitsje fan it ûndersyk.
  • As jo ynkommen heger is as 150% fan de bystânsnoarm, dan betelje jo in eigen bydrage fan 6% fan de kosten fan de berne-opfang.
    • Foar in allinnichsteande (âlder) is de ynkommensgrins € 1.540,- netto de moanne.
    • Foar troude of gearwenjende partners is de ynkommensgrins € 2.200,- netto de moanne.
  • Mei it formulier jouwe jo de gemeente tastimming om mei de berne-opfangorganisaasje en de belutsen dokter, ynstânsje of saakkundige gegevens út te wikseljen dy’t needsaaklik binne foar it beoardielje fan de oanfraach en betelling fan de temjittekomming.
  • Wy fergoedzje de kosten fan de opfang folslein, as it oeretaryf fan de berne-opfangorganisaasje net heger is as it wetlike taryf (www.belastingdienst.nl). Rekkenet jo berne-opfang in heger taryf, dan betelje jo de rest sels.
  • Wy meitsje de fergoeding streekrjocht oer nei de berne-opfangorganisaasje.
  • Jo kinne it formulier ek brûke om in wiziging yn jo situaasje troch te jaan as jo al in temjittekomming krije.