Leech ynkommen en skulden
Hawwe jo in leech ynkommen? Dan kinne jo faaks ien fan ús regelings brûke. Jo fine in protte ynformaasje yn de minimagids (pdf).
Hokker foarsjennings binne der?
Minimaregelings
Wy biede in oantal minimaregelings aan. It giet om yndividuele ynkommenstaslach, bysûndere bystân en de AV Frieso soarchfersekering.
Bernepakket
Hawwe jo gjin jild foar in sportklup, skoalreiske of muzykles foar jo bern fan 0 oant 8 jier? Faaks komme jo yn oanmerking foar it bernepakket.
Ping-sprekoere
As jo te krijen hawwe mei skulden of gewoan advys nedich hawwe by finansjele fragen, dan kinne jo belje mei it gemeentehûs fia it algemiene telefoannûmer: 0512 58 12 34. De telefoanyske sprekoeren binne fan moandei oant en mei freed fan 9.00 oant 12.00 oere.
Frijskatting belestings
Bytiden hoege jo mei in ynkommen op bystânsnivo guon gemeentlike belestings net te beteljen. Faaks komme jo yn oanmerking foar frijskatting.