Feroaringen trochjaan by útkearing

As jo in útkearing of ynkommen fan de gemeente krije, binne jo ferplichte feroaringen yn jo persoanlike situaasje oan ús troch te jaan. Doch dat altyd sa fluch mooglik, yn alle gefallen binnen 7 wurkdagen nei de feroaring. Stjoer eventuele bewiisstikken mei.

Digitaal feroaringen trochjaan

Feroaring yn jo wen- en leefsituaasje

Jou it oan ús troch as der in partner, bern of hierder by jo komt te wenjen. En ek as jo tydlik earne oars ferbliuwe, bygelyks yn it sikehûs of yn 'e finzenis.

Feroaring yn ynkomsten

Jou feroaringen yn jo ynkomsten of dy fan jo partner ek oan ús troch. Bygelyks as jo foar it earst ynkomsten krije of as jo ynkomsten stopje, of de weromjefte fan 'e Belestingtsjinst oer in tiidrek dat jo bystân krigen. 

Feroaring yn besittingen en skulden

Jou it oan ús troch as jo fermogen feroaret. It giet om alle feroaringen, ek as dy it totaal fan jo fermogen net feroarje. Tink oan jeften, erfenissen of prizen, mar ek oan belestingweromjeften en betellingen oer in perioade foardat jo bystân krigen.

In oare auto mei kenteken

As jo in oare auto mei kenteken hawwe, jou dat dan oan ús troch. Behalven om auto's, kin it ek gean om bygelyks motoaren, brommers, scooters, snorfytsen, campers, caravans of oanhingweinen. Auto's âlder as 7 jier telle net mei. Lit it ús ek witte as jo regelmjittich in auto fan in oar brûke.

Fakânsje of ferbliuw earne oars

Jou it oan ús troch as jo op fakânsje binne of om in oare reden yn it bûtenlân ferbliuwe.

Feroaring yn oplieding, staazje of wurk

As jo begjinne mei in oplieding, staazje of frijwilligerswurk, jou dat dan oan ús troch. Of wannear't jo oplieding, staazje of frijwilligerswurk ophâldt. Lit it ús ek witte wannear't jo ynwenjende bern begjinne op ophâlde mei in oplieding.

Feroaring fan kontaktgegevens

Jou feroaringen fan jo kontaktgegevens oan ús troch. Bygelyks in oar rekkennûmer, e-mailadres of telefoannûmer.

Stopsette útkearing

Wolle jo jo útkearing of de bysûndere bystân stopsette? Jou dat oan ús troch.