Carins foar soarch, jongerein en wurk

Carins helpt jo op wei as it jo sels efkes net slagget


Carins is der foar alle ynwenners fan Smellingerlân. Wy fiere foar gemeente Smellingerlân de Wet maatskiplike ûndersteuning (Wmo), de Jongereinwet en de skuldhelpferliening út. Carins helpt en stipet ynwenners fan Smellingerlân sa selsstannich mooglik, op eigen krêft, harren libben yn te rjochtsjen.

Wy biede ynformaasje, help en stipe by fragen oer:

  • wenjen, wolwêzen & meidwaan (Wmo)
  • opfieden & opgroeien
  • skuld & finânsjes (Ping-loket)

Kontakt

  • Wy binne iepen fan moandei oant en mei freed fan 08.30 oant 17.00 oere.
  • Belje 088 – 50 65 400 of stjoer in e-mail nei contact@carins.nl.
  • It Ping-loket is telefoanysk berikber fan moandei oant en mei freed fan 09.00 oant 12.00 oere.
  • Jo kinne fansels ek delkomme op ús nije adres: Moleneind NZ 56, 9203 ZR yn Drachten.
  • Wolle jo mear witte oer Carins? Gean dan nei ús webside: www.carins.nl.

Feroaringen Wmo-ferfier fan 1 jannewaris 2020 ôf

De finansjele temjittekomming dy’t jo krije as jo mei in taksy of eigen auto reizgje, feroaret. Fan 1 jannewaris 2020 ôf krije jo in ferfierspas fan de gemeente dêr’t jo foardielich mei reizgje kinne. Lês de meast stelde fragen.