Bystânsútkearing

Hawwe jo in útkearing en feroaret jo situaasje? Jo dat binnen sân wurkdagen troch oan de gemeente. Wolle jo wat beprate? Meitsje dan in ôfspraak mei jo konsulint. It telefoanysk sprekoere is alle wurkdagen fan 8.30 oant 10.00 oere.

Wizigings yn jo situaasje trochjaan (pdf)

Handich om te witten

  • Binne jo jonger as 27 jier, wurkje jo net en folgje jo ek net in oplieding? Dan helpt de gemeente jo om in oplieding te folgjen of wurkûnderfining op te dwaan yn in learbaan.
  • Hawwe jo in leech ynkommen? Dan kinne jo faaks ien fan ús regelings brûke. Jo fine in protte ynformaasje yn de minimagids (pdf).
  • Hawwe jo gjin jild foar in sportklup, skoalreiske of muzykles foar jo bern fan 0 oant 8 jier? Faaks komme jo yn oanmerking foar it bernepakket (www.kindpakket.nl).  
  • As jo te krijen hawwe mei skulden, help nedich hawwe by finansjele fragen of mei it behearen fan jo jild, dan kinne jo it gemeentehûs belje ûnder it Ping-sprekoere. It telefoanysk sprekoere is berikber fan moandei oant en mei freed fan 9.00 oant 12.00 oere op ús algemiene telefoannûmer 0512 58 12 34.
  • Krije jo in útkearing fan de gemeente? Bytiden hoege jo de gemeentlike belestings dan net te beteljen. Falle jo net ûnder dy groep mar hawwe jo in leech ynkommen? Faaks komme jo yn oanmerking foar frijskatting
  • Oersjoch nedich yn regels, rjochten en plichten by útkearings en foarsjennings? Gean nei it Stipepunt Utkearingsrjochthawwers, hendikepten en minima Smellingerlân (SUS).
  • Hawwe jo in útkearing, funksjonele beheining of groanyske oandwaning? De Kliïnteried behertiget jo belangen mei advys oan de gemeente.