AV Frieso soarchfersekering

Hawwe jo in leech ynkommen en wolle jo foar in skerpe preemje wiidweidich fersekere wêze? Meitsje dan no gebrûk fan de spesjale AV Friso Compleet soarchfersekering. Jo kinne de AV Friso Compleet fersekering ôfslute as jo ynkommen leger is as 115% fan de bystânsnoarm, jo fermogen leger is as de fermogensgrins, en jo gjin efterstân hawwe yn de betelling fan jo soarchpreemje alle moannen. Jo kinne jo allinnich oanmelde as jo al fersekere binne by De Friesland Zorgverzekeraar.

Oanfreegje

AV Frieso Compleet oanfreegje

As jo noch fersekere binne by in oare fersekerder, stap dan earst oer nei De Friesland Zorgverzekeraar. Sjoch foar mear ynformaasje www.defriesland.nl.

Kosten

  • € 167,65 yn 'e moanne (2024)

Fergoedingen AV Frieso Compleet

Mei tank oan in bydrage fan de gemeente en in koarting fan De Friesland Zorgverzekeraar binne jo goed fersekere tsjin soarchkosten. Oft jo no in protte of net sa’n soad soarch nedich hawwe, de AV Frieso Compleet hat romme fergoedingen. 

  • Neist de basisfersekering krije jo in fergoeding foar de eigen bydrage Wmo, toskhielkundige soarch foar folwoeksenen, fysioterapy en in prima fergoeding foar in bril.
  • Elkenien is wolkom. Der is gjin medyske seleksje by it ôfsluten fan de fersekering.
  • Jo kinne it eigen risiko ek yn terminen betelje.
  • Mear ynformaasje oer de AV Frieso fine jo op www.defriesland.nl/avfrieso.

De AV Frieso Compleet is ûnderdiel fan de minimaregelingen. Mear ynformaasje oer de AV Frieso Compleet en de oare minimaregelingen fine jo yn de Budgetgids (pdf).

Help by it ynfoljen fan in formulier

Jo kinne op ferskillende plakken help krije by it ynfoljen fan in formulier.