Berte-, houliks- en skiedingsakte

De boargerlike stân fan de gemeente makket akten op fan belangrike foarfallen yn jo libben, lykas berte, houlik, skieding, registrearre partnerskip, ûntbining registrearre partnerskip of in ferstjerren. In ôfskrift of (ynternasjonaal) úttreksel boargerlike stân freegje jo oan by de gemeente dêr't dat foarfallen is. Dat kin online mei DigiD. Wy dogge ús bêst om it úttreksel binnen 5 wurkdagen oer de post op te stjoeren.

Uttreksel (ôfskrift) boargerlike stân oanfreegje

Kosten

€ 16,60

Ofskrift of úttreksel

In ôfskrift fan in akte fan de boargerlike stân is in fotokopy fan de akte. It hat in stimpel en hantekening fan de amtner fan de boargerlike stân. Dat ôfskrift is allinnich te krijen yn it Nederlânsk. In ôfskrift yn in oare taal kinne jo sels oersette litte troch in beëdige tolk of oersetter. Op in úttreksel steane allinnich de persoansgegevens út de akte. In úttreksel is wol yn meardere talen beskikber.

Oanfreegje foar in oar

In ôfskrift of úttreksel fan in akte út de boargerlike stân kinne jo oanfreegje foar josels, jo âlden of jo bern. As jo in oar machtigje, mei dyjinge ek in ôfskrift of úttreksel fan jo akte oanfreegje. En soms mei in belangrike ynstânsje jo ôfskrift oanfreegje. Bygelyks in advokaat as jo belutsen binne by in rjochtsaak.

Oanfreegje yn gemeentehûs

In ôfskrift of úttreksel kinne jo ek oanfreegje yn it gemeentehûs. Meitsje dêr in ôfspraak foar. Nim jo identiteitsbewiis mei. Jo krije it úttreksel fuortendaliks mei. 

Oanfreegje út it bûtenlân wei

Wenje jo yn it bûtenlân en hawwe jo gjin DigiD? Freegje it úttreksel boargerlike stân oan fia gemeente@smallingerland.nl. Jou yn de e-mail oan wêr't jo it úttreksel foar nedich hawwe. Heakje in kopy fan jo identiteitsbewiis ta en ûndertekenje jo oanfraach. Wy dogge ús bêst om it úttreksel en de faktuer binnen 5 wurkdagen op te stjoeren.

Uttreksel BRP

Hawwe jo in bewiis nedich dat jo yn de gemeente Smellingerlân wenje? Freegje dan in úttreksel basisregistraasje persoanen (BRP)  oan.