Untheffing oanfreegje foar ynride sintrum

Fiere jo wurksumheden út yn it sintrum? En is it net mooglik om op in parkearterrein te parkearen? Freegje ûntheffing oan foar it ynriden fan it sintrum.

Untheffing oanfreegje (pdf)

Wat kostet it?

€ 31,90

Handich om te witten

  • Freegje in ûntheffing op ‘e tiid oan. De ûntheffing is jildich fan de datum fan ôfjefte ôf.
  • Op de ûntheffing stiet de lokaasje dy’t jo brûke kinne om te parkearen.
  • Foar parkearen yn de Noarder- of Suderbuert hawwe jo njonken in ûntheffing ek in paske nedich foar de sakpeallen. 
  • Foar is paske foar sakpeallen betelje jo € 90,- boarch. Leverje it paske wer yn op it gemeentehûs. Wy stoarte de boarchsom werom.