Parkearfergunning foar sintrumbewenners

Wenje jo yn it sintrum fan Drachten? Jo kinne in parkearfergunning foar sintrumbewenners oanfreegje of in abonnemint nimme op de parkeargaraazje. Bewenners fan it sintrum kinne ek in besikersfergunning oanfreegje foar it sintrum fan Drachten. De besikersfergunning kinne jo brûke foar besikers, mantelsoarch en soarchferlieners.

Parkearfergunning oanfreegje (pdf)

Wat kostet it?

Parkeare op betelle parkearterrein Sander Israëlsplein, Vogelzang of De Markt:

  • € 150,- it jier

Parkeare yn de skyl foar fergunninghâlders:

  • Earste fergunning: € 39,-
  • Twadde fergunning: € 77,70
  • Tredde fergunning: € 116,50

Parkeare yn de parkeargaraazje oan it Raadhuisplein of Van Knobelsdorffplein:

  • € 300,- it jier

Besikersfergunning:

  • € 39,- it jier (brûk dy altyd yn kombinaasje mei in parkearskiif)

Handich om te witten

  • Allinnich bewenners fan it sintrum kinne in parkearfergunning foar sintrumbewenners oanfreegje of in abonnemint foar de parkeargaraazje foar dat taryf.
  • Wy kinne maksimaal trije kentekens op jo adres registrearje.
  • Lease jo in auto of brûke jo in auto fan jo wurkjouwer? Stjoer in lease-oerienkomst of wurkjouwersferklearring mei.
  • Jo krije in brief dêr’t yn stiet wêr’t jo de auto parkeare meie. 
  • Brûk de besikersfergunning altyd yn kombinaasje mei de blauwe parkearskiif.