Parkearfergunning foar bewenners yn fergunningssônes

Wenje jo yn in strjitte om it sintrum fan Drachten hinne? Jo kinne in parkearfergunning oanfreegje foar in fergunningssône.

Parkearfergunning oanfreegje (pdf)

Wat kostet it?

  • Earste fergunning: € 39,-
  • Twadde fergunning: € 77,70
  • Tredde fergunning: € 116,50
  • Besikerspas: € 39,-

Handich om te witten

  • Allinnich bewenners om it sintrum hinne kinne in parkearfergunning yn in fergunningssône oanfreegje.
  • Wy kinne maksimaal trije kentekens op jo adres registrearje.
  • Lease jo in auto of brûke jo in auto fan jo wurkjouwer? Stjoer in lease-oerienkomst of wurkjouwersferklearring mei.
  • Jo krije in brief dêr’t yn stiet wêr’t jo de auto parkeare meie. 
  • Jo meie yn in fergunningssône ien besikerspas oanfreegje foar gebrûk yn dyselde sône.
  • De besikerspas is nedich fan moandei o/m saterdei fan 9.00 oant 21.00 oere.
  • Mei in besikerspas meie jo maksimaal trije oeren parkeare.