Parkearfergunning foar betelle parkearterreinen

Foar de betelle parkearterreinen yn it sintrum kinne jo in parkearfergunning oanfreegje. Dit kin foar in dei, in wike, in moanne of in jier. De fergunning kin op elke winske dei yngean.

Parkearfergunning oanfreegje (pdf)

Wat kostet it?

  • € 11,- de dei
  • € 52,70 de wike
  • € 178,90 de moanne
  • € 1.686,90 it jier

Handich om te witten

  • De fergunning foar in jier rint altyd oant en mei 31 desimber. 
  • De betelle parkearterreinen minder as njoggen moannen brûke? Freegje dan alle moannen in fergunning oan. Dat is goedkeaper. 
  • Foar de parkearterreinen De Markt, Vogelzang en Sander Israëlsplein kinne jo foar € 7,- in deikaart keapje by de parkearautomaat.