Parkeare yn it sintrum

Parkearje jo de auto yn it sintrum fan Drachten? Jo betelje fan moandei oant en mei saterdei fan 9.00 oant 21.00 oere. Op snein (en feestdagen) is it parkearen fergees. Leaver oerdutsen parkeare? Dat kin yn de parkeargaraazjes oan it Raadhuisplein en it Van Knobelsdorffplein.

Wat kostet it?

  • Oeretaryf (bûten en yn de parkeargaraazjes): € 1,50
  • Deitaryf parkeargaraazjes: € 3,50
  • Deikaart terreinen De Markt, De Vogelzang en it Sander Israëlsplein: € 7,-
  • Deikaart foar alle oare terreinen: € 11,-

Handich om te witten

  • Iepeningstiden parkeargaraazjes: moandei o/m freed fan 6.30 oant 22.00 oere en saterdei fan 7.00 oant 22.00 oere. 
  • Parkeare yn it sintrum is op snein (en feestdagen) fergees. 
  • Op snein (en feestdagen) binne de parkeargaraazjes ticht, útsein foar sintrumbewenners mei in fergunning.
  • In deikaart kinne jo keapje by de parkearautomaten op de parkearterreinen. 
  • In hiele dei parkeare mei! Der is net in maksimale parkearduer.
  • Parkeare yn in fergunninghâldersgebiet is fan moandei oant en mei saterdei ek oant 21.00 oere.
  • Binne jo sintrumbewenner? Sjoch op Parkearfergunning foar sintrumbewenners en Parkearfergunning foar bewenners yn fergunningssônes.
  • Betelle parkeare op it Kiryat Onoplein dat op 2 april yngean soe, is útsteld oant neijier 2020. Wy sjogge noch nei de mooglikheden.
  • Fergees parkeare? Dat kin op:
    • de parkearstroken by de Oude Nering én it Moleneind NZ (by Dunlop) del.
    • it parkearterrein oan de Nachtegaalstrjitte. 
    • De Singel, de Oliemolenstrjitte, parkeerterrein VV Drachten en De Opgang.