Parkearûntheffing yn blauwe sône oanfreegje
Wenje jo yn:
- ien fan de apparteminten oan it Kiryat-Onoplein mei húsnûmer 89 oant en mei 113?
- in wenning oan it Moleneind NZ mei húsnûmer 90 oant en mei 220?
- oan it Moleneind ZZ nûmer 125 oant en mei 195?
Dan wenje jo yn in blauwe-sônegebiet. Yn in blauwe sône meie jo trije oeren parkeare mei in parkearskiif. Wolle jo langer parkeare? Freegje in ûntheffing foar in blauwe sône oan.
Untheffing blauwe sône oanfreegje (pdf)
Wat kostet it?
€ 39,- it kenteken (maksimaal twa kentekens)
Handich om te witten
- De blauwe sône jildt ek op feestdagen.
- De ûntheffing jildt allinnich yn it blauwe-sônegebiet dêr’t jo him foar oanfreegje.
- De ûntheffing blauwe sône is ien jier jildich. Dêrnei wurdt de ûntheffing automatysk ferlinge.
- Gjin gebrûk mear meitsje fan jo ûntheffing blauwe sône? Sis dy dan skriftlik op. Jo krije gjin jild werom.