Lade en/of losse

Wolle jo mei in auto of frachtwein by in winkel of (bedriuw)pân yn it sintrum fan Drachten komme? Bygelyks by in ferhuzing? Dat kin wannear’t jo komme te laden en/of te lossen.

Under lade en/of losse falle: it gelyk ynladen of útladen fan grut guod yn de tiid dy’t dêr foar nedich is.

Wat kostet it?

Lade en losse: gjin kosten
Boarchsom fan € 90,- foar de sakpeallen

Handich om te witten

  • Lade of losse foar in pân ynit sintrum? Lis in briefke efter it foarrút. Set dêrop jo adres en telefoannûmer en dat it giet om in ferhuzing. Jou it ek oan de gemeente troch. De hanthaveners binne dan op ‘e hichte.
  • Brûke jo foar de ferhuzing in grutte ferhúswein? Jo hoege dan gjin briefke del te lizzen. 
  • It sintrum ynride foar lade en/of losse? Freegje in paske oan by de gemeente foar de sakpeallen. Jo betelje € 90,- boarch. Leverje dêrnei it paske wer yn op it gemeentehûs. Wy stoarte de boarchsom werom. 
  • Wolle jo net allinnich lade of losse, mar ek parkeare? Freegje in ûntheffing foar it ynride fan it sintrum oan.