Abonnemint parkeargaraazje Van Knobelsdorffplein

Wenje jo yn it sintrum? Dan kinne jo foar it parkearen gebrûk meitsje fan in abonnemint yn de parkeargaraazje oan it Van Knobelsdorffplein. Jo parkeare dan oerdutsen, hawwe altyd plak en kinne yn- en útride wannear’t jo wolle. Jo abonnemint is alle moannen opsisber.

Abonnemint oanfreegje (pdf)

Wat kostet it?

€ 25,- de moanne (ynkl. btw)

Handich om te witten

  • De machtiging ferrint fia automatyske ynkasso.
  • Dogge jo de oanfraach leaver skriftlik? Helje yn it gemeentehûs in oanfraachformulier op.
  • It oanfraachformulier foar it abonnemint leverje jo yn by de behearder fan de parkeargaraazje Van Knobelsdorffplein. Jo krije dan gelyk jo paske mei.
  • Jo krije net in fêst plak tawiisd yn de parkeargaraazje.