Melde sosjale oerlêst om corona hinne
De coronamaatregels jilde foar elkenien. Dochs hâldt net elkenien him deroan. Sjogge jo bygelyks op guon plakken hieltyd gruttere groepen minsken? Of dat der op in plak hieltyd gjin rekken holden wurdt mei de oardel meter ôfstân? En meitsje jo jo dêr soargen oer? Dan kinne jo dat melde.
Digitaal
Klik op de knop en folje it formulier yn.
Sosjale oerlêst om corona hinne melde
Belje
Leaver telefoanysk jo melding fan oerlêst dwaan? Dat kin. Belje gemeente Smellingerlân op telefoannûmer (0512) 581 234
Us Klant Contact Centrum is berikber fan moandei oant en mei freed fan 08.30 oant 16.30 oere.
Belje bûten iepeningstiden
Telefoanysk oerlêst melde bûten iepeningstiden fan de gemeente? Belje de plysje op telefoannûmer 0900-8844.