Beswier gemeentlike belestingen en WOZ-wearde

Binne jo it net iens mei jo WOZ-wearde? Dan kinne jo dêr beswier tsjin meitsje. Doch dat binnen 6 wike nei de datum op jo oanslach. Hawwe jo fragen oer de WOZ-wearde, belje dan 0512-581234.

Beswier meitsje

As jo beswier meitsje tsjin jo WOZ-wearde of tsjin jo oanslach, ferstjoere jo in beswierskrift. Dat wurdt ek wol in sjenswize neamd. Dat dogge jo binnen 6 wike nei de datum op jo oanslach. Jo kinne online beswier meitsje, fia e-mail of skriftlik.

Online beswier meitsje

Beswier meitsje fia e-mail of post

Skriuwe jo sels in beswierskrift? Set it nûmer derop fan de WOZ-beskikking of belestingoanslach dêr't jo beswier tsjin meitsje. Beskriuw dúdlik wêrom't jo beswier meitsje en ûndertekenje it formulier. Jo kinne gebrûk meitsje fan ús sjabloon, mar dat hoecht net.

Jo kinne it ynfolle formulier e-maile nei gemeente@smallingerland.nl.

Jo kinne it ek mei de post stjoere nei: Gemeente Smellingerlân, Postbus 10.000, 9200 HA Drachten.

No cure, no pay-bedriuwen binne net fergees

Der binne bedriuwen dy't fergees beswier foar jo meitsje. Dat liket fergees, mar yn werklikheid soargje se derfoar dat de tariven foar de gemeentlike belestingen heger wurde. Dat komt trochdat de gemeente dy bedriuwen in soad jild betelje moat as it beswier takend wurdt. Dat krijt it bedriuw neist it bedrach dat jo weromkrije. Faak is it sels mear as jo sels weromkrije.

It behanneljen fan beswieren kostet sadwaande folle mear jild. Dy kosten wurde letter trochberekkene yn de belestingtariven, sadat jo letter mear belesting betelje moatte. Meitsje dus altyd sels beswier. Dat is altyd fergees.

Net automatysk útstel fan betelling

Troch it ferstjoeren fan in beswierskrift krije jo net automatysk útstel fan betelling. Dat betsjut dat jo de belesting noch hieltyd op tiid betelje moatte. As jo online beswier meitsje, kinne jo wol fuortendaliks útstel fan betelling oanfreegje, troch dat oan te jaan op it formulier. As jo sels in beswierskrift skriuwe, neame jo dat dêryn.

Nei jo beswier

Jo krije sa gau mooglik in reaksje op jo beswierskrift. Omdat elkenien yn de gemeente tagelyk de belestingoanslach krijt, krije wy alle beswierskriften spitigernôch ek yn deselde perioade binnen. Dêrom hawwe wy wetlik sjoen oant 31 desimber fan itselde belestingjier om jo beswier te behanneljen. Fansels besykje wy jo beswier sa gau mooglik te behanneljen.

Werombetelling by tawizing beswier

Hawwe jo gelyk krigen? Dan stoarte wy it bedrach dat jo tefolle betelle hawwe werom nei jo rekken.