In oar foar jo stimme litte
Wolle jo in oar foar jo stimme litte? Dan kinne jo dy persoan tastimming jaan om foar jo te stimmen. Wy neame dat machtigjen. De persoan dy't út jo namme stimt, neame wy de folmachthawwer. In folmachthawwer mei foar maksimaal 2 oare kiezers stimme. De folmachthawwer bringt tagelyk mei de eigen stim jo stim út.
Ien machtigje
Jo kinne op 2 manieren tastimming jaan oan in oare kiezer om foar jo te stimmen:
- Mei jo stimpas (ûnderhânske folmacht)
- Mei it formulier 'model L 8' (skriftlike folmacht)
Mear ynformaasje oer 'folmacht' fine jo op de webside fan de Kiesraad.
Mei jo stimpas
Jo kinne ien machtigje troch de efterkant fan jo stimpas yn te foljen en te ûndertekenjen (ûnderhânske folmacht). De folmachthawwer moat de efterkant ek ûndertekenje.
Tink derom: de folmachthawwer moat ek yn de gemeente Smellingerlân ynskreaun stean, of mei in kiezerspas yn de gemeente Smellingerlân stimme kinne.
Sa wurket it:
- Folje de gegevens yn op 'e efterkant fan jo stimpas.
- Set jo hantekening op 'e efterkant yn it goede fak.
- Lit ek de folmachthawwer in hantekening op 'e efterkant sette yn it goede fak.
- Jou de folmachthawwer in kopy fan jo identiteitsbewiis of in dúdlike foto dêrfan op de smartphone. Jo identiteitsbewiis mei maksimaal 5 jier ferrûn wêze op de dei fan de ferkiezing.
- De folmachthawwer stimt yn de gemeente Smellingerlân mei jo stimpas en in kopy fan jo identiteitsbewiis of in dúdlike foto dêrfan op de smartphone.
As jo úteinlik dochs sels stimme wolle, kinne jo de machtiging ynlûke troch jo stimpas werom te freegjen. Jo kinne dan sels stimme mei jo stimpas.
Mei it formulier 'model L 8'
Sille jo net sels stimme en wolle jo ien machtigje dy't bygelyks yn in oare gemeente wennet? Folje dan it formulier 'model L 8' yn en ûndertekenje it fersyk. Jo stjoere it formulier nei de gemeente. Hawwe jo jo stimpas al ûntfongen? Dan stjoere jo de stimpas tagelyk mei it formulier nei de gemeente. Jo fersyk moat op syn lêst 3 juny 2024 troch de gemeente ûntfongen wêze. Wy stjoere de folmachthawwer it folmachtbewiis sa gau mooglik dêrnei oer de post ta.
It formulier 'model L 8' kinne jo downloade op de webside fan de ryksoerheid. Jo kinne it formulier ek oanfreegje of ophelje by it gemeentehûs.
Tink derom! Hawwe jo ien skriftlik machtige? Dan kinne jo dy machtiging net mear ynlûke. Jo kinne dan net mear sels stimme.
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer folmachten fine jo op de webside fan de Kiesraad.