Tastimmingen foar it ferbrânen fan snoeihout en reidslûk

It ferbrânen fan snoeihout yn agraryske gebieten is net samar tastien. Dêr is in stookûntheffing APV fan de gemeente foar nedich en in fergunning op grûn fan it Beslút aktiviteiten leefomjouwing. De gemeente jout dy tastimmingen allinnich foar it ferbrânen fan takkebulten en reidslûk  dy't ûntsteane by lânskipsûnderhâld. Mei lânskipsûnderhâld bedoele wy it snoeien fan houtwâlen, boskjes en beammen yn it bûtengebiet en reidsnijen yn natuergebieten.

Gjin ûntheffing tusken 15 maart en 15 augustus

Tusken 15 maart en 15 augustus jout de gemeente gjín APV-ûntheffing foar it ferbrânen fan snoeihout of reidslûk. Dat is om wylde bisten en planten te beskermjen en te foldwaan oan de soarchplicht neffens de Wet natuerbeskerming. Yn dy perioade kinne fûgels bygelyks briede yn takkebulten of kinne stikelbargen harren dêr ferskûlje. Fierders is dat faak in drûge perioade, dêr't brân him flugger yn ferspriede kin en skealike gefolgen hat foar planten en bisten yn 'e omjouwing.

Ek yn (tige) drûge perioaden, nettsjinsteande de tiid fan it jier, wurde der gjin ûntheffingen ôfjûn (faze 2). Foar aktuele ynformaasje dêroer kinne jo terjochte op natuurbrandrisico.nl.  

Feroaringen mei yngong fan 1 jannewaris 2024: miljeufergunning yn stee fan miljeu-ûntheffing

Oant 1 jannewaris 2024 hiene agrariërs en natuerorganisaasjes foar it ferbrânen fan lytsskalich agrarysk ôffal twa ûntheffingen nedich: sawol in APV-ûntheffing (foar iepenbiere oarder en feiligens) as in ûntheffing op basis fan de wet miljeubehear (foar miljeutechnyske aspekten). Beide waarden yn ien beslút ferliend.

Sûnt 1 jannewaris 2024 is de regeljouwing feroare troch it yngean fan de Omjouwingswet. De ûntheffing op basis fan de Wet miljeubehear is ferfongen troch in fergunning op grûn fan it Beslút aktiviteiten leefomjouwing (Bal). De aktiviteit dêr't in fergunning foar oanfrege wurde moat, is "it ferbrânen fan ôffalstoffen oars as yn in IPPC-ynstallaasje". Dat komt trochdat lytsskalich agrarysk ôffal neffens de lanlike regeljouwing as bedriuwsôffal beskôge wurdt.

Yn 2025 wurdt de miljeufergunning ferliend foar snoeihout en reidslûk dat ôfkomstich is fan lânskipsûnderhâld.

Hoe freegje jo de APV-ûntheffing en de miljeufergunning oan?

Foar it ferbrânen fan snoeihout of reidslûk yn 2025 hawwe jo twa tastimmingen nedich:

  1. In APV-ûntheffing;
  2. In miljeufergunning op grûn fan it Bal.

Beide tastimmingen kinne jo oanfreegje troch in e-mail te stjoeren nei gemeente@smallingerland.nl.

Set yn jo oanfraach de neikommende gegevens:

  • Wat jo ferbrâne wolle (snoeihout of reidslûk);
  • De lokaasje fan de brânbulte;
  • De perioade dêr't jo yn ferbrâne wolle;
  • De hoemannichte ôffal dy't jo ferbrâne wolle;
  • In eksplisite ferklearring dat it snoeihout of reidôffal ôfkomstich is fan lânskipsûnderhâld.

It fersyk giet sawol om de miljeufergunning dy't nedich is as om de APV-ûntheffing.

Twa ôfsûnderlike besluten

Fan 1 jannewaris 2024 ôf wurde de twa tastimmingen net langer yn ien beslút ôfjûn. De miljeufergunning en de APV-ûntheffing wurde apart beoardiele en takend. Yn 2025 wurdt de miljeufergunning noch troch de gemeente sels ôfjûn. Fan 1 jannewaris 2026 ôf wurdt de behanneling fan de miljeufergunning oernommen troch de FUMO.

Kosten (leezjes) yn 2025

Earder betellen jo allinnich leezjes foar de APV-ûntheffing. Fan 2025 ôf binne der ek leezjes ferskuldige foar de miljeufergunning. De kosten binne yn 2025:

  • Miljeufergunning € 210,- (as it snoeihout of reidôffal ôfkomstich is fan lânskipsûnderhâld);
  • APV-ûntheffing € 70,- (oanfoljend bedrach, lykas fêststeld yn de gemeentlike leezjesferoardering).

Foar it oanfreegjen fan in Bal-fergunning kinne jo fan 2026 ôf terjochte op it Omgevingsloket