Untheffingsmooglikheden stookferbod

It ferbrânen fan snoeihout yn agraryske gebieten is net samar tastien. Dêr is in stookûntheffing fan de gemeente foar nedich. De gemeente jout dy ûntheffing allinnich foar it ferbrânen fan takkebulten dy't ûntsteane by it ûnderhâld fan it lânskip. Mei lânskipsûnderhâld bedoele wy it snoeien fan houtwâlen, boskjes en beammen yn it bûtengebiet.

Gjin ûntheffing mear fan 15 maart oant 15 augustus

De gemeente jout yn de perioade fan 15 maart oant 15 augustus gjín ûntheffing om snoeihout te ferbrânen. Dat is om wylde bisten en planten te beskermjen, om te foldwaan oan de soarchplicht fan de Wet natuerbeskerming. Yn takkebulten kinne der yn dy perioade bygelyks fûgels briede of stikelbargen omhúsmanje. Fierders is it ek in drûge perioade. It fjoer yn 'e takkebult beheint him faak net ta de takkebult sels, mar hat ek in negatyf effekt op plant en bist fuortby de takkebult. Ek yn (tige) drûge perioaden wurde der gjin ûntheffingen ôfjûn (faze 2). Sjoch dêrfoar op natuurbrandrisico.nl.  

Ferbrâne lytsskalich agrarysk ôffal

Agrariërs en natuerorganisaasjes koene oant 1 jannewaris 2024 ûntheffing freegje foar it ferbod ôffal te ferbrânen. Foar it yntsjinjen fan dat fersyk hiene wy gjin ferplichte formulier. Op 1 jannewaris 2024 is troch it yngean fan de Omjouwingswet feroare hokker ûntheffing/fergunning nedich is foar it ferbrânen fan lytsskalich agrarysk ôffal.

Situaasje oant 1 jannewaris 2024

Oant 1 jannewaris 2024 wie neist de APV-fergunning (yn ferbân mei iepenbiere oarder en feiligens) ek in ûntheffing nedich op grûn fan kêst 10.63 Wet miljeubehear (yn ferbân mei miljeu). In fersyk om ûnthefing/fergunning hawwe wy de lêste jierren beskôge as in fersyk op grûn fan sawol de APV as de Wet miljeubehear. De ûntheffing ferlienden wy allinnich foar it ferbrânen fan lytsskalich agrarysk ôffal en as ek oan de oare easken foar it ferliene kinnen fan de ûntheffing foldien waard. 

Situaasje sûnt 1 jannewaris 2024

Sûnt 1 jannewaris 2024 is noch hieltyd de APV-fergunning nedich. Der kin lykwols gjin ûntheffing op grûn fan de Wet miljeubehear mear ferliend wurde foar it ferbrânen fan ôffal. Yn stee dêrfan is in fergunning nedich op grûn fan it Beslút aktiviteiten leefomjouwing (Bal) nedich. De oan te freegjen aktiviteit is "ferbrâne fan ôffalstoffen oars as yn in IPPC-ynstallaasje". 

Dy fergunning is nedich omdat lytsskalich agrarysk ôffal foar de lanlike regeljouwing bedriuwsôffal is. Dat is nammentlik al it ôffal dat gjin húshâldlik ôffal is. In oanfraach foar dy Bal-fergunning moatte jo yntsjinje fia it omjouwingsloket (www.omgevingswet.overheid.nl).

Wet- en regeljouwing

By it stoken fan takkebulten jildt de soarchplicht fan de Wet natuerbeskerming. Oan de ûntheffing binne betingsten en ôfspraken ferbûn. Wy bringe foar sa'n fergunning € 3.925,- oan leezjes yn rekken. Dat komt boppe-op de leezjes dy't wy foar de APV-fergunning yn rekken bringe.