Winterwurksumheden oan it iepenbier grien

Besjoch de list fan winterwurk, ûnderhâld oan it grien dat yn de kommende moannen plak fine sil. Njonken it ferfangen fan iepenbier grien geane wy de kommende moannen op ferskate plakken oan de slach mei ûnderhâld oan it gemeentlik grien. Dat dogge wy alle jierren yn de wintermoannen.

It ûnderhâld oan it grien is wat oars as it ferfangen fan grien. Wy snoeie en tinne út by diken, sportfjilden en plantsoenen del. By it útfieren fan it wurk binne wy ôfhinklik fan it waar. Krekte data kinne wy dêrom net jaan. De wurksumheden duorje oant maart 2021.

De list kin yn de kommende tiid noch oanfolle wurde. Foar lokaasjes dêr’t in omjouwingsfergunning nedich is om de wurksumheden út te fieren wurdt of is dy oanfrege. Krekt as oare omjouwingsfergunnings wurdt dy publisearre.

Besjoch de List winterwurk 2020-2021.