Temjittekomming planskea oanfreegje

Hawwe jo skea troch in maatregel fan de gemeente op it mêd fan romtlike feroardering? Bygelyks in nij bestimmingsplan? Is jo pân dêrtroch minder wurdich wurden? Of misse jo troch dy maatregel ynkomsten? Freegje in temjittekomming planskea oan by de gemeente. Nei acht oant tolve moannen hawwe wy jo oanfraach ôfhannele.

Temjittekomming planskea oanfreegje (pdf)

Wat kostet it? 

In oanfraach yntsjinje kostet € 300,-. Jo ûntfange dêrfoar in faktuer. Krije jo gjin temjittekomming planskea? Dan krije jo dat jild net werom.

Handich om te witten 

  • By de beoardieling fan in oanfraach besjogge wy de situaasje by de âlde en by de nije planologyske maatregel.
  • De gemeente skeakelet foar it behanneljen fan in oanfraach in ûnôfhinklike en deskundige adviseur yn. By de beslissing op jo oanfraach hâlde wy rekken mei it advys fan de adviseur. 
  • De wetlike bepalings steane yn de Wet romtlike oardering en it Beslút romtlike oardering (ôfdielings 6.1).
  • Skea wurdt allinnich fergoede yn de neikommende gefallen:
  • Der is in delgong yn ynkomsten of wearde fan jo ûnreplike saak;
  • Jo koenen de skea net foarsizze doe’t jo it pân kochten;
  • De skea is net op in oare wize fergoede; 
  • De skea is feroarsake troch in planologyske maatregel;
  • Jo tsjinje de oanfraach yn binnen fiif jier nei’t de planologyske maatregel yn gie.