Perseelbûne ynformaasje opfreegje

Hawwe jo planologyske gegevens, miljeugegevens of gegevens oer de ûnderhâldstastân fan in perseel nedich? Bygelyks foar in taksaasje? Freegje dy gegevens oan by de gemeente. Jo ûntfange de ynformaasje oer it perseel binnen twa wurkdagen. 

Ynformaasje oer in perseel oanfreegje

Wat kostet it?

€ 53,90 it perseel

Handich om te witten

Hokker planologyske gegevens krije jo?

  • it jildende bestimmingsplan
  • de bestimming fan it objekt
  • in eventueel ûntwerp foar in nij bestimmingsplan
  • eventuele planologyske ûntwikkelings yn de neiste omjouwing fan it objekt, yn de neiste takomst
  • jildt der in tariedingsbeslút
  • is it foarkarsrjocht gemeenten of in útstel dêrta fan tapassing
  • is it objekt oanwiisd as Ryksmonumint of as gemeentlik monumint
  • leit it objekt yn beskerme stedsgesicht of doarpsgesicht

Hokker miljeugegevens kinne jo krije (as dy fan tapassing binne)?

  • boaiemûndersyk
  • miljeumeldings of miljeufergunnings
  • oanwêzigens fan de ûndergrûnske en/of boppegrûnske tanks
  • de boaiem ûnder of yn de direkte omjouwing fan it objekt
  • gegevens út de BIO1/2 fan provinsje Fryslân

Hokker gegevens krije jo oer de ûnderhâldstastân?

  • eventuele oanskriuwings