Pân- en perseelynformaasje
As jo in hûs of in stik grûn keapje, binne ferskate gegevens belangryk. Tink oan ynformaasje oer it bestimmingsplan, boaiemgegevens of gegevens oer de ûnderhâldstastân.
Bestimmingsplanynformaasje
Ynformaasje oer bestimmingsplannen stiet op ús webside. Klik dêr op de button 'Besjoch bestimmingsplannen' en sykje it bestimmingsplan. By 'Status' sjogge jo oft it bestimmingsplan 'vastgesteld' is of dat it in 'ontwerp' of 'voorontwerp' is. Planologyske gegevens steane ek op de lanlike webside fan Ruimtelijke plannen.
Beheiningen
Freegje fia de webside fan it Kadaster op oft der publykrjochtlike beheiningen binne foar in pân of in stik grûn. Foarbylden fan publykrjochtlike beheiningen foar in pân of in stik grûn binne:
- in ferbod om te ferbouwen
- in kapferbod
- (bou)foarskriften
- in ferbod om yn in pân te wenjen
- miljeu- en feilichheidsfoarskriften
Boaiemynformaasje
Boaiemgegevens krije jo fergees fia it lanlike Bodemloket en de Bodematlas van de provincie Fryslân.
Dy ynformaasje kinne jo ek by ús opfreegje. De kosten: € 58,10 it perseel. Dy ynformaasje krije jo binnen 3 wurkdagen.
De neikommende boaiemynformaasje krije jo fan ús:
- hokker (histoaryske) boaiembedriigjende (bedriuws)aktiviteiten der bekend binne op de lokaasje;
- hokker resultaten fan eardere boaiemûndersiken der binne op de lokaasje en oft dêrby fersmoarging oantoand is;
- oft der dimpingen/opheechlagen bekend binne op de lokaasje;
- oft der ûndergrûnske tanks op de lokaasje binne of west hawwe;
- yn hokker kwaliteitssônes de lokaasje neffens de boaiemkwaliteitskaart fan de gemeente Smellingerlân falt.
NB Miskien jilde net alle punten foar it hûs of it stik grûn dêr't jo boaiemynformaasje foar oanfrege hawwe.