Nije Omjouwingswet
Yn 2023 giet de nije Omjouwingswet yn. Dy wet bringt alle wetten en regels oer bouwen, wenjen, ferkear, erfguod, miljeu, natuer en wetter byinoar.
De regels op dit stuit binne tige yngewikkeld. Mei de nije Omjouwingswet wurdt it foar ynwenners en ûndernimmers dúdliker watfoar regels der binne. Ek komt der mear romte foar nije ideeën fan ynwenners en ûndernimmers. De manier fan wurkjen by gemeenten wurdt koarter en it oanfreegjen fan in boufergunning wurdt makliker. Jo witte dan flugger oft jo bouplannen trochgean kinne. Dat telt foaral foar yngewikkelde bouplannen dêr't meardere partijen by belutsen binne, lykas in grut bouprojekt.
Ien webside
Mei de komst fan de Omjouwingswet giet alles aanst fia ien webside: it Digitale Omjouwingsloket (fan it Digitaal Stelsel Omjouwingswet = DSO). Dat is in loket dêr't alle oerheden gearwurkje, sadat jo op ien plak alle ynformaasje fine dy't jo nedich hawwe. Fia dat loket freegje jo fergunningen oan en kinne jo lêze mei watfoar regels jo te krijen hawwe.
Lyts projekt, lytse muoite
Soms docht út it Digitale Omjouwingsloket bliken dat jo foar jo bouplannen hielendal gjin fergunning nedich hawwe. Of jo bouplan is net grut, sadat jo sûnder problemen in fergunning oanfreegje kinne. Dat kinne jo aanst maklik sels kontrolearje op dy nije webside.
Help by jo oanfraach
Guon bouplannen binne yngewikkeld. Om jo te helpen by it dwaan fan jo oanfraach kinne jo, foardat jo de oanfraach ferstjoere, mei ús oerlizze. Wy sjogge dan tegearre oft jo bouplan ferbettere wurde kin.
Oaren derby belûke
As jo yngewikkelde bouplannen hawwe, moatte jo ynwenners, bedriuwen en organisaasjes op 'e tiid fertelle oer dy plannen. Sa kinne sy meiprate oer jo bouplannen.
Fragen dy't in soad steld wurde en antwurden
Hjir fine jo in tal fragen dy't in soad steld wurde en antwurden oer de nije Omjouwingswet.
Ynformaasjefilm
Yn it filmke hjirûnder lizze wy jo fierder út wat de Omjouwingswet is:
Omgevingsvisie Smallingerland
De gemeenteried fan Smellingerlân stelde de Omgevingsvisie Smallingerland yn 2022 unanym fêst. Yn de Omgevingsvisie steane de prinsipes en doelen dy't de gemeente Smellingerlân hat foar de ynrjochting, ûntwikkeling en it behear fan de fysike leefomjouwing.
Wat is de Omjouwingswet?
De Omjouwingswet is in nije wet dy't foar hiel Nederlân jildt. Dêryn stean alle wetten en regels foar de fysike leefomjouwing. Koartsein in wet dy't giet oer alles wat jo bûten sjogge, hearre of rûke.
Wêrom is de Omjouwingswet nedich?
Sûnt 1810 binne der in soad ferskillende wetten en regels makke foar de bûtenromte, lykas foar boaiem, wetter, diken, miljeu, monuminten, natuer, lûd en nijbou. Dy wetten binne yngewikkeld en se sprekke inoar bytiden tsjin. De losse regels en wetten behinderje faak de ûntwikkeling fan ynnovative, duorsume inisjativen. Dêrom wurde 26 wetten en in pear hûndert regelingen op it mêd fan de leefomjouwing ienfâldiger makke en bondele yn ien Omjouwingswet.
Wannear binne wy begûn en wannear giet de Omjouwingswet yn?
Wy hawwe it fan 2011 ôf oer in stelselferoaring. En uterlik 31 desimber 2029 moat foar alle gemeentlike grûnen yn ien Omjouwingsplan mei regels omskreaun stean wat mei yn in bepaald gebiet. Alle stappen stean op de webside fan it Informatiepunt Leefomgeving omskreaun.
Wat fernimme ynwenners fan de Omjouwingswet?
Ynwenners fernimme miskien yn earste ynstânsje neat fan de Omjouwingswet. Mar as jo wat ferbouwe wolle oan jo hûs of tún en jo freegje in fergunning oan, dan giet dat aanst oars as foarhinne. Jo sykje de regels op yn in nij online loket, it Omjouwingsloket. Yn dat loket kinne jo kontrolearje oft jo in fergunning nedich hawwe en dy ek fuortendaliks oanfreegje. Mar tink derom: meitsje foaral gebrûk fan it Omjouwingsoerlis fan gemeente Smellingerlân as jo in fergunning nedich hawwe fan 'e gemeente om jo inisjatyf ferkenne te kinnen. Sa'n foaroerlis kinne jo ek no al oanfreegje fia ús webside.
Wat is partisipaasje?
De Omjouwingswet soarget der ek foar dat jo meiprate kinne oer de Omjouwingsfyzje, it Omjouwingsplan en de útfiering yn jo gemeente. Dat kin no ek al, mar de Omjouwingswet skriuwt foar dat jo aktiver oansprutsen wurde om mei te tinken.
Wat is it partisipaasjebelied yn Smellingerlân?
Gemeente Smellingerlân fynt it belangryk dat wy mei-inoar ideeën en plannen foar de fysike leefomjouwing soarchfâldich ûntwikkelje. In goed partisipaasjeproses stipet it kommen ta in better plan. Dat betsjut in trajekt dêr't minsken dy't in belang hawwe oan dielnimme kinne. De mieningen fan ynwenners meitsje in inisjatyf faak better. Ynwenners witte goed hokker knyppunten of kânsen der wêze kinne. En as ynwenners partisipearje by in inisjatyf, binne de karren yn dat inisjatyf foar harren ek better te begripen.
Partisipaasje as ûnderdiel fan fluggere beslútfoarming
Foar it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de gemeenteried fan Smellingerlân is it belangryk om sa goed mooglik ynsjoch te krijen yn de ferskate belangen dy't by in inisjatyf spylje. Dêrtroch kin de gemeente goed neitinke en soarchfâldich en fluch beslute oer in inisjatyf.
Hawwe jo sels in plan, in inisjatyf?
Wolle jo wat bouwe, delsette of in feest bûtendoar organisearje? Nimme jo in inisjatyf? Dan is it belangryk dat jo de minsken op wa't jo plan in posityf of negatyf effekt hat, by jo plan belûke. Dat hjit partisipaasje. Us hantrekken kin jo dêrby helpe.
Is partisipaasje ferplichte?
Yn de measte situaasjes is partisipaasje ferstannich, mar net ferplichte. Foar in oantal situaasjes hat de gemeenteried fan gemeente Smellingerlân oanjûn dat partisipaasje wól ferplichte is. Dat is opskreaun en jildt fan it momint fan ynfiering fan de Omjouwingswet ôf.
Wa giet der oan 'e slach mei de Omjouwingswet?
Eins wy allegear! Ynwenners, ûndernimmers en oerheden binne mei-inoar ferantwurdlik foar de kwaliteit en ûntwikkeling fan ús leefomjouwing. Gemeenten lizze yn harren Omjouwingsplan net alles mear oant yn detail fêst, lykas dat earder yn bestimmingsplannen wol it gefal wie. Troch plannen globaler te beskriuwen, ûntstiet romte foar ynisjatyfnimmers om harren plannen út te wurkjen. Sy moatte eventuele belanghawwenden dêr wol by belûke (partisipaasje). De gemeente krijt in mear advisearjende en hifkjende rol.
Wat is in Omjouwingsplan?
Dêr't wy earst ferskate bestimmingsplannen hiene, hawwe oerheidspartijen yn likernôch 7 jier alle regels oer de eigen leefomjouwing yn ien stik te stean. Oerheden hawwe oant 2030 de tiid om dit plan hielendal yn te foljen. Gemeenten wurkje earst mei in tydlik plan. It is in soad wurk en duorret in skoft foardat alles oant yn 'e puntsjes regele is, lykas de Omjouwingswet it bedoelt.
Wat binne de foardielen fan de Omjouwingswet?
In belangrike ferbettering fan de nije wet is dat by it ynfoljen fan de plannen yn de fysike leefomjouwing tema's lykas sûnens, enerzjytransysje, duorsumens, sosjale en maatskiplike útdagingen noch better meinaam wurde. De bedoeling is dat de kwaliteit fan de leefomjouwing ferbetteret. En dat it proses oer de ynfolling fan de bûtenromte ferhastiget. Dêr hawwe alle ynwenners en ûndernimmers profyt fan. Amtners en ynwenners hawwe yn 'e takomst fia it Omjouwingsloket tagong ta deselde ynformaasje. Boppedat giet it oanfreegjen fan in (omjouwings)fergunning aanst flugger, as de fergunningsoanfraach yn 't foar goed besprutsen is mei de belutsen partijen.
Watfoar feroaring komt der yn 'e omjouwingsfergunning foar de aktiviteit bouwen?
De hjoeddeistige omjouwingsfergunning foar de aktiviteit bouwen is in fergunning dy't in soad oanfrege wurdt. De Omjouwingswet sil feroaring bringe yn de omjouwingsfergunning foar de aktiviteit bouwen, lykas wy dy no kenne ûnder de Wet algemiene bepalingen omjouwingsrjocht (Wabo). Under de Omjouwingswet binne foar de aktiviteit bouwen soms twa aparte omjouwingsfergunningen nedich: in omjouwingsfergunning foar in technyske bouaktiviteit (1) en in omjouwingsfergunning foar de Omjouwingsplanaktiviteit (2). Dy skieding neame wy 'de knip'.
Wêrom twa dielen fan de omjouwingsfergunning foar bouwen?
No hifkje wy in fergunningsoanfraach ûnder de Wet algemiene bepalingen omjouwingsrjocht (Wabo) oan it bestimmingsplan, de bouferoardering, de easken út it Boubeslút 2012 en de wolstânseasken. As it bouplan foldocht oan dy easken dan wurdt de omjouwingsfergunning ferliend. Under de Omjouwingswet kin in inisjatyfnimmer earst dúdlik krije oft it romtlik sjoen wol mooglik is om in bouplan te realisearjen, foardat it plan fierder (technysk) útwurke wurdt. Dat skeelt tiid. Ek sit de ûntwikkelder as inisjatyfnimmer yn in betiid stadium by belutsen partijen oan tafel, foar de fierdere útwurking fan it bouplan.
Wat hâldt de omjouwingsfergunning foar in technyske bouaktiviteit yn?
By in omjouwingsfergunning foar in technyske bouaktiviteit wurdt it bouplan hifke oan de regels foar de technyske boukwaliteit. De regels foar technyske boukwaliteit binne opnaam yn it Beslút bouwurken leefomjouwing (Bbl). Dy toets is te fergelykjen mei de toets dy't dien wurdt yn it kader fan in omjouwingsfergunning foar de aktiviteit bouwen ûnder de Wet algemiene bepalingen omjouwingsrjocht (Wabo) oan de easken út it Boubeslút 2012.
Is in omjouwingsfergunning foar in technyske bouaktiviteit altyd ferplichte?
Op grûn fan de Omjouwingswet is it ferbean sûnder omjouwingsfergunning in (technyske) bouaktiviteit út te fieren. In omjouwingsfergunning foar de technyske bouaktiviteit is dus yn begjinsel altyd ferplichte. Under de Omjouwingswet binne mear (technyske) bouwurken fergunningsfrij. Yn de hjoeddeistige regeljouwing is dat allinnich mooglik yn in achterhiemgebiet en jilde der ferskate betingsten as it bouwurk op in ôfstân fan minder of mear as 4 meter fan it oarspronklike haadgebou leit. Ek fergunningsfrije bouaktiviteiten moatte foldwaan oan de algemiene regels út it Beslút bouwurken leefomjouwing (Bbl), bygelyks de regels dy't jilde foar nijbou en slopen. By fergunningsfrij bouwen kin it befoege gesach by striid mei technyske regels repressyf (ûnder en nei de bou) hanthavenjend optrede.
Hoe freegje ik nei ynfiering fan de Omjouwingswet in (omjouwings-)fergunning oan?
Hawwe jo in fergunning nedich by in lyts of grut plan, dan besprekke jo dat yn 't foar mei gemeente Smellingerlân yn in saneamd Omjouwingsoerlis (ferkennend petear). Dêr kinne jo dan in finkje by sette yn it Omjouwingsloket of it streekrjocht oanfreegje fia de gemeente. Dat kin jo tiid, kosten en beswieren skele. Lês ek de antwurden op de fraach: Wat is in Intaketafel? en Wat is in Omjouwingstafel?
Wat is it Omjouwingsloket?
Yn it lanlike Omjouwingsloket kin elkenien ynformaasje oer de fysike leefomjouwing op ien plak besjen en fuortendaliks brûke. Alle gemeenten, provinsjes en wetterskippen binne dêrop oansletten. De fragen en taljochting nimme jo mei troch it systeem. It Omjouwingsloket bestiet út 5 ûnderdielen. Inisjatyfnimmers kinne ûnder oare tsjekke oft sy in fergunning nedich hawwe of in melding dwaan moatte. Ek kinne se harren oriïntearje fia regels op in kaart, in Omjouwingsoerlis oanfreegje (ferkennend petear) of in oanfraach yntsjinje.
Wat is in Omjouwingsoerlis?
It Omjouwingsoerlis is in ferkennend petear mei gemeente Smellingerlân. Wy sjogge mei jo mei oft jo plan helber is en tinke mei jo mei wat nedich is foar jo fergunning.
Wat is de Intaketafel?
By de Intaketafel fan gemeente Smellingerlân sitte jo mei mear minsken fan 'e gemeente byinoar om mei-inoar jo plan te besprekken. Sa kinne wy mei-inoar oprinne en meitinke foardat jo jo fergunning oanfreegje. Dat wurket noflik foar elkenien.
Wat is in Omjouwingstafel?
By in Omjouwingstafel gean jo yn petear oer jo plan mei bygelyks ynwenners, ûndernimmers, gemeente, it wetterskip, de provinsje, it Ryk, de omjouwingstsjinst en eksperts. Sa hawwe jo alle belangen, regels, kaders en aksjes dy't noch dien wurde moatte gau helder. Alle partijen tinke mei jo mei en hifkje yn 't foar jo plan om jo fergunningoanfraach ynformeel goed ta te rieden. Mei dy wurkwize hawwe jo al in flinke basis foar jo fergunningoanfraach.
Hat de Omjouwingswet ek neidielen?
Krekt as by in ferbouwing stiet noch net alles fuortendaliks op syn plak. Dat duorret efkes en it kin ek wolris ferkeard gean. Alle losse wetten en regels falle aanst ûnder ien nije wet. Dat is nij. Boppedat sille wy as ynwenners, ûndernimmers en oerheid oars mei-inoar gearwurkje. Dat sil yn 't begjin wenne wêze. Uteinlik geane wy derfan út dat mei de Omjouwingswet de beslútfoarming better wurdt en flugger giet en dat plannen flugger útfierd wurde kinne.
Hoe lang duorret in fergunningoanfraach?
De fergunning foar in bouaktiviteit kin binnen 8 wike ferliend wurde. In wiidweidige proseduere foar komplekse plannen duorret oant 26 wike.
Kin ik no al wat fernimme fan de Omjouwingswet?
De Omjouwingswet easket dat alle gemeenten in Omjouwingsfyzje en in Omjouwingsplan hawwe. Yn in Omjouwingsfyzje stean de takomstplannen fan in gemeente. Yn in Omjouwingsplan komme alle juridyske regels fêst te lizzen. Hjir komme ek de besteande bestimmingsplannen en ferskate lokale regels yn te stean. Net alle gemeenten binne like fier, mar se hawwe dan ek oant 2030 de tiid om alle bestimingsplannen om te setten nei ien Omjouwingsplan foar de hiele gemeente.
Wêr kin ik mear ynformaasje oer de Omjouwingswet fine?
Hawwe jo fragen oer de Omjouwingswet? Sjoch ek op de side fan it Informatiepunt Leefomgeving (IPLO), www.aandeslagmetdeomgevingswet.nl en Wetterskip Fryslân of de Provinsje Fryslân.
Fragen en antwurden bedriuwen
Foar fragen en antwurden ferwize wy nei it Informatiepunt Leefomgeving, omdat dy ynformaasje regelmjittich bywurke wurdt.
Antwurden op fragen fan grutte bedriuwen oer de Omjouwingswet.
Antwurden op fragen fan it midden- en lytsbedriuw oer de Omjouwingswet.
Antwurden op fragen fan advysburo's oer de Omjouwingswet.
Antwurden op fragen fan planologyske buro's oer de Omjouwingswet.
Antwurden op fragen fan lânboubedriuwen oer de Omjouwingswet.
Antwurden op fragen fan brânsjorganisaasjes oer de Omjouwingswet.
Mei de komst fan de Omjouwingswet komme der in soad nije ôfkoartingen en begripen foarby. Dêr is in wurdlist Omjouwingswet foar opsteld. Mei dat 'ABC' hawwe jo in oersjoch dat koart werjout wat in soad brûkte termen út de Omjouwingswet betsjutte. By in soad ûnderwerpen is ek noch in link opnaam, sadat jo ienfâldich mear ynformaasje fine kinne oer dat begryp.
Smellingerlân
Lykas elke oerheid, riedt ek gemeente Smellingerlân him ta op de Omjouwingswet. Dat dogge wy ûnder mear troch besluten te nimmen, software oan te skaffen en meiwurkers op te lieden. Wy hawwe yn 2021 mei ynwenners in Omjouwingsfyzje Smellingerlân makke, dy't de ried yn maart 2022 fêststeld hat. Ek stiet ús technyk klear en liede wy meiwurkers op.
Wy jouwe foarljochting oan ús ynwenners fia ús webside en op fersyk oer de mail of op útnûging by gearkomsten. Lês mear oer de Omjouwingswet en hoe't jo by gemeente Smellingerlân jo Omjouwingsfergunning oanfreegje.
A
Algemiene Maatregel fan Bestjoer (AMfB)
De Omjouwingswet is in kaderwet. De fierdere útwurking krijt syn beslach yn fjouwer saneamde Algemiene Maatregels fan Bestjoer. It giet om:
- Beslút aktiviteiten leefomjouwing;
- Beslút bouwurken leefomjouwing;
- Beslút kwaliteit leefomjouwing;
- Omjouwingsbeslút.
B
Befoege Gesach (BG)
Befoege gesach kin it Ryk, in provinsje, in wetterskip of in gemeente wêze. Under de Omjouwingswet hat elk ynstrumint in befoege gesach. It befoege gesach dat it ynstrumint ynset, is ek it befoege gesach foar fergunningferliening, tasjoch en hanthavening, meldingen en it tastean fan it ôfwiken fan algemiene regels. Lês mear oer BG.
Beliedssyklus
De beliedssyklus fan de Omjouwingswet biedt in struktuer om de ynstruminten fan de Omjouwingswet te oarderjen. De syklus bestiet út fjouwer fazen: beliedsûntwikkeling, beliedstrochwurking, útfiering en weromkeppeling. Lês mear oer de beliedssyklus.
Beslút aktiviteiten leefomjouwing (Bal)
Yn it Bal stean algemiene regels foar aktiviteiten yn de fysike leefomjouwing. Boargers, bedriuwen en oerheden moatte harren oan dy regels hâlde as sy dy aktiviteiten útfiere. Yn it Bal stiet ek oft foar dy aktiviteiten in melding of omjouwingsfergunning nedich is. Lês mear oer it Bal.
Beslút bouwurken leefomjouwing (Bbl)
Yn it Bbl stean regels oer feiligens, sûnens, duorsumens en brûkberens fan bouwurken. Fierders hat it Bbl regels oer de steat en it gebrûk fan in bouwurk. En oer it útfieren fan bou- en sloopwurksumheden. Lês mear oer it Bbl.
Beslút kwaliteit leefomjouwing (Bkl)
Yn it Beslút kwaliteit leefomjouwing stean regels foar it Ryk en foar desintrale oerheden. De regels gean oer omjouwingswearden, ynstruksjeregels, beoardielingsregels en monitoring. Lês mear oer it Bkl.
Breidsskat
Under de Omjouwingswet ferhuzet in tal regels fan it Ryk nei gemeenten (en wetterskippen). It Ryk soarget der mei it Ynfieringsbeslút foar dat dy regels automatysk yn it omjouwingsplan komme. Dat wurdt ek wol de 'breidsskat' neamd. Dêrmei wurdt foarkaam dat de regels ferfalle, foardat de gemeente fergelykbere of ferfangende regels hat. Lês mear oer de breidsskat.
D
Digitaal Stelsel Omjouwingswet (DSO)
It DSO is it stelsel fan de lanlike foarsjenning mei de lokale systemen fan oerheden. De lanlike foarsjenning bestiet út it Omjouwingsloket mei op de eftergrûn in oantal ynformaasjesystemen. Mei de lanlike foarsjenning kinne wy:
- fergunningsoanfragen en meldingen ûntfange;
- omjouwingswetbesluten (omjouwingsfergunningen, omjouwingsplannen en omjouwingsfyzjes) publisearje;
- ús fragebeammen mei tapasbere regels publisearje;
- begripen en definysjes sintraal beheare;
- ûnderinoar en mei inisjatyfnimmers gearwurkje.
Lês hjir mear oer it DSO.
E
Evenredige tadieling fan funksjes oan lokaasjes
It omjouwingsplan regelet in 'evenredige tadieling fan funksjes oan lokaasjes'. Dat betsjut dat der in balâns bestiet tusken ferskate funksjes dy't lokaasjes yn in gebiet ferfolje kinne. Dat is in ferbreding fan it hjoeddeistige kritearium 'in goede romtlike oardering' út de Wet romtlike oardering (Wro). Lês mear oer evenredige tadieling fan funksjes en lokaasjes.
F
Fergunningentsjek
Ien fan de ûnderdielen fan it Omjouwingsloket is de fergunningentsjek. Inisjatyfnimmers kinne middels fragen kontrolearje oft sy in idee útfiere meie op in bepaalde lokaasje en oft sy dêr in fergunning foar nedich hawwe of in melding dwaan moatte. Oerheden kinne dêrfoar harren juridyske regels omsette nei tapasbere regels. Lês mear oer de fergunningentsjek.
Fragen en antwurden
Hawwe jo in fraach oer de Omjouwingswet? Lês it antwurd op fragen dy't in soad steld wurde op ús webside.
Fysike leefomjouwing
Ien fan de kearnbegripen yn de Omjouwingswet is de 'fysike leefomjouwing'. It begryp stelt fêst oant wêr de Omjouwingswet jildt. As der gjin sprake is fan fysike leefomjouwing, dan is de Omjouwingswet net fan tapassing. In ôfbeakene definysje fan de fysike leefomjouwing is der net. Yn de wet stiet wol in opsomming fan ûnderdielen dy't yn alle gefallen ûnder fysike leefomjouwing falle: bouwurken, ynfrastruktuer, wettersystemen, wetter, boaiem, lucht, lânskippen, natuer, kultureel erfgoed en wrâlderfgoed. Dy opsomming is formeel net útputtend. Gemeenten hawwe wol wat frijheid om fêst te stellen watfoar aktiviteiten ûnder de fysike leefomjouwing falle. Lês mear oer it begryp fysike leefomjouwing.
I
Intaketafel
De casemanager, jo earste kontaktpersoan, bringt jo inisjatyf yn by de Intaketafel. De Intaketafel is in yntern oerlis dat alle wiken plakfynt, dêr't we jo inisjatyf yn 15 minuten beprate. It doel fan de Intaketafel is om fêst te stellen oft jo inisjatyf winsklik is. Dat wol sizze: past it inisjatyf yn de gemeentlike Omjouwingsfyzje Smellingerlân of oare oerheden? Sa witte jo gau oft it sinfol is om jo plannen fierder út te wurkjen, en sille wy as gemeente allinnich oan 'e slach mei winsklike inisjativen.
K
Kearnynstruminten
Om de Omjouwingswet yn de praktyk út te fieren, hawwe oerheden seis kearnynstruminten ta harren beskikking. Foar gemeenten binne dat de omjouwingsfyzje, it programma, it omjouwingsplan en de omjouwingsfergunning. Lês mear oer de kearnynstruminten.
Kommisje oer de romtlike kwaliteit
Under de Omjouwingswet moatte gemeenten in gemeentlike advyskommisje ynstelle foar de omjouwingskwaliteit. Dat ferfangt de besteande kommisjes wolstân en monuminten.
L
Lanlike Foarsjenning Bekendmeitsje en Beskikber stelle (LFBB)
De Lanlike Foarsjenning Bekendmeitsje en Beskikber stelle (LFBB) is aanst de sintrale lanlike foarsjenning foar alle oerheidspublikaasjes. Omjouwingswetbesluten komme fia dy lanlike foarsjenning ek yn it Digitaal Stelsel Omjouwingswet (DSO). Lês hjir mear oer de LFBB.
O
Oanfollingswetten natuer, boaiem, lûd en grûneigendom
Tagelyk mei de Omjouwingswet wurde fjouwer oanfollingswetten makke. It giet om de ûnderwerpen boaiem, lûd, natuer en grûneigendom. De oanfollingswetten binne aparte wetten, omdat der ek nij belied yn komt. De oanfollingswetten gean op yn de Omjouwingswet op it stuit dat dy yn wurking steld wurdt. Lês mear oer de oanfollingswetten.
Omjouwingsbeslút (Ob)
It Omjouwingsbeslút (Ob) regelet yn oanfolling op de wet ûnder mear hokker bestjoersorgaan it befoege gesach is om in omjouwingsferfgunning te ferlienen en hokker prosedueres jilde. Ek regelet dit beslút wat de belutsenens is fan oare bestjoersorganen by de beslútfoarming. It regelet ek in oantal op himsels steande ûnderwerpen, lykas de miljeu-effektrapportaazje en finansjele bepalingen. It Ob is foar alle doelgroepen relevant, dus foar sawol boargers en bedriuwen as foar oerheden. Lês mear oer it Omjouwingsbeslút.
Omjouwingsferoardering
In omjouwingsferoardering befettet alle provinsjale en wetterskipsregels foar de fysike leefomjouwing. Foar elke provinsje en elk wetterskip is der ien omjouwingsferoardering, dy't de besteande feroarderingen ferfangt, lykas de miljeuferoardering, de planologyske feroardering, de útgravingsferoardering, de lânskipsferoardering en de grûnwetterferoardering. Dat ynstrumint is allinnich foar de provinsjes en wetterskippen. Gemeenten nimme alle regels oer de fysike leefomjouwing op yn in omjouwingsplan. Lês mear oer de omjouwingsferoardering.
Omjouwingsfyzje
Yn in omjouwingsfyzje leit de gemeenteried har ambysjes en beliedsdoelen foar de fysike leefomjouwing foar de lange termyn fêst. De gemeente stelt ien omjouwingsfyzje foar it hiele grûngebiet fêst. Dy komt yn 't plak fan struktuerfyzjes, ferkears- en ferfiersplannen, ûnderdielen fan de natuerfyzje en miljeubeliedsplannen. De Omjouwingsfyzje kin wer sektoraal of op it gebiet rjochte útwurke wurde yn programma's. Lês mear oer de omjouwingsfyzje en de Omjouwingsfyzje Smellingerlân.
Omjouwingsloket
It Omjouwingsloket is it sintrale plak dêr't digitale ynformaasje oer de leefomjouwing ûnder de Omjouwingswet aanst byinoar komt. Sa kin elkenien dy ynformaasje aanst op ien plak besjen en fuortendaliks brûke. It Omjouwingsloket bestiet út in oantal ûnderdielen:
- Oanfragen: oanfraach of melding yntsjinje
- Regels op de kaart
- Maatregels op maat
- Myn Omjouwingsloket
Mear oer it Omjouwingsloket.
Omjouwingsoerlis
De Omjouwingswet hat ta doel boargers mear by romtlike ûntwikkelingen te belûken. Mar ek mear ferantwurdlikens by de maatskippy. Beide komme byinoar yn petear mei de omjouwing. Foardat de inisjatyfnimmer mei de omjouwing yn petear giet, is it ferstannich earst in fersyk ta 'ferkenning inisjatyf' by de gemeente oan te freegjen. By gemeente Smellingerlân wurkje wy al mei sa'n soarte fan omjouwingsoerlis.
Omjouwingsplan
It omjouwingsplan befettet alle regels oer de fysike leefomjouwing dy't de gemeente stelt binnen har grûngebiet. Foar elke gemeente is der ien omjouwingsplan. Dat komt yn 't plak fan de bestimmingsplannen en feroarderingen. Lês mear oer it omjouwingsplan.
Gemeente Smellingerlân sil foar elk gebiet alle regels omskriuwe yn har omjouwingsplan. Gemeenten hawwe oant 2030 de tiid om it omjouwingsplan te meitsjen.
Omjouwingsregeling (Or)
De Or is in ministeriële regeling by de Omjouwingswet. De regeling bout fierder op de wet en de 4 Algemiene Maatregels fan Bestjoer (AMfB's – sjoch dêrfoar by 'A'). It giet om technyske en administrative regels foar it gebrûk fan de wet en de AMfB's yn de praktyk. Lês mear oer de Omjouwingsregeling.
Omjouwingstafel
De impact fan de Omjouwingswet op it fergunningferlieningsproses en de tsjinstferliening is behoarlik. De doer wurdt bot ynkoarte; alle oanfragen moatte yn prinsipe binnen 8 wike ôfhannele wurde. De Omjouwingswet freget dêrby om in yntegrale ôfweging, mei as útgongspunt: 'Hoe kinne wy dit inisjatyf mooglik meitsje?' Dat alles freget om in wiidweidiger foaroerlis yn 'e geast fan de Omjouwingswet: dat wurdt de Omjouwingstafel neamd. Ek gemeente Smellingerlân wurket dêryn gear mei ûnder oare de Veiligheidsregio Fryslân, provinsje, omjouwingstsjinst FUMO en Wetterskip Fryslân.
Omjouwingswearden
Omjouwingswearden binne bedoeld foar it berikken en yn stân hâlden fan in feilige en sûne fysike leefomjouwing. Ek stypje se by it soargjen foar in goede omjouwingskwaliteit. Omjouwingswearden lizze de kwaliteit fêst dy't in gemeente, provinsje of it Ryk foar de leefomjouwing berikke wol. Dy stean yn it Beslút kwaliteit leefomjouwing (Ryk), de omjouwingsferoardering (provinsje) of it omjouwingsplan (gemeente). It is ien fan de ynstruminten dêr't de oerheden it belied fan in omjouwingsfyzje of in op it gebiet rjochte of sektoraal programma mei útfiere kinne. De Omjouwingswearden moatte objektyf en mjitber wêze. Lês mear oer omjouwingswearden.
Omjouwingswet
Yn de Omjouwingswet wurdt alle besteande wetjouwing oer de fysike leefomjouwing bondele, ferienfâldige en yntegrearre yn ien wet. De ynfiering fan de wet kin pas as ek de lanlike systemen goed wurkje.
P
Partisipaasje
Partisipaasje is in belangrike pylder ûnder de Omjouwingswet. Yn de Omjouwingswet en yn it Omjouwingsbeslút binne regels oer partisipaasje opnaam. Foar de measte kearnynstruminten (lykas omjouwingsfyzje en omjouwingsplan) jildt dat yn dy dokuminten ferantwurde wurde moat hoe't boargers, bedriuwen, maatskiplike organisaasjes en oare bestjoersorganen by de tarieding belutsen binne. Lês mear oer partisipaasje yn de Omjouwingswet.
De Handreiking Participatie 2022 fan gemeente Smellingerlân kinne jo op ús webside fine.
Programma
Om de winske kwaliteit fan de fysike leefomjouwing te berikken, kinne oerheden nêst en oanfoljend op in Omjouwingsfyzje in programma opstelle. In programma kin in bepaald ûnderwerp befetsje of in bepaald gebiet betreffe, en kin fariearje fan in beliedsregeling oant in subsydzjeprogramma. Lês mear algemiene ynformaasje oer it programma.
S
Standerten Digitaal Stelsel Omjouwingswet (DSO)
Oerheden slute lokale systemen oan op it DSO. Dêr binne in oantal nije standerten foar ûntwikkele dy't it mooglik meitsje om ferskate software-systemen mei-inoar kommunisearje te litten.
Stelselkatalogus Omjouwingswet
De Stelselkatalogus Omjouwingswet is in online neislachwurk dêr't oerheden begripen, definysjes en ynformaasjeprodukten oer de Omjouwingswet yn beheare. It is ien fan 'e ûnderdielen fan de lanlike foarsjenning fan it DSO. Lês mear oer de stelselkatalogus Omjouwingswet.
T
Tapasbere regels
Yn it DSO kinne ynwenners en ûndernimmers aanst antwurd krije op fragen as: 'Mei ik op dizze lokaasje myn inisjatyf starte? Of haw ik dêr in fergunning foar nedich?' Inisjatyfnimmers nimme dêrfoar fragen troch yn it Omjouwingsloket. Om dy fragen sa gebrûksfreonlik mooglik wurkje te litten, moatte gemeenten harren juridyske regels út it Omjouwingsplan omsette nei tapasbere regels en dy oanleverje oan it DSO. Oare oerheden moatte dat foar harren eigen regels dwaan. Lês mear oer tapasbere regels.
W
Wet kwaliteitsboarging foar it bouwen (Wkb)
By de Wet kwaliteitsboarging foar it bouwen stoppet it hifkjen fan de boutechnyske easken fan in bouwurk troch de gemeente. It hifkjen giet dan oer nei in ûnôfhinklike partij, de saneamde kwaliteitsboarger. Dat jildt net fuortendaliks foar alle bouwurken en dat sil yn fazen gean. Lês mear oer de Wkb.
Wetterskipsferoardering (WsF)
De Wetterskipsferoardering befettet de regels fan it wetterskip. Mei it omjouwingsplan befettet de Wetterskipsferoardering de regels foar de fysike leefomjouwing op lokaal nivo. Lês mear oer de WsF.
Y
Ynfieringswet, Ynfieringsbeslút en Ynfieringsregeling
De Ynfieringswet, it Ynfieringsbeslút en de Ynfieringsregeling regelje de oergong fan de besteande nei de nije wet- en regeljouwing. Lês mear oer de Ynfieringswet.
Boarne: Informatiepunt Leefomgeving. Nei mear begripen op de ABC-list.