Leechsteande wenromte ferhiere

Stiet jo wenning te keap en leech? Of wurdt dy wierskynlik sloopt of renovearre? Mei in fergunning op grûn fan de Leechstânswet kinne jo de wenning tydlik ferhiere. Freegje in fergunning oan by de gemeente.

Oanfraachformulier (pdf)

Stjoer it formulier op nei gemeente@smallingerland.nl

Wat kostet it?

Gjin kosten

Betingsten:

  • De wenning stiet leech;
  • De wenning is eigendom fan de oanfreger;
  • Partikuliere eigners meie net mear as twa te keap steande keapwennings tagelyk ferhiere;
  • De hierder hat in opsistermyn fan minimaal ien moanne;
  • De skriftlike hieroerienkomst duorret op syn minst seis moannen;
  • De ferhierder hat in opsistermyn fan minimaal trije moannen.

Handich om te witten

  • Foar tydlike ferhier freegje jo bytiden ek tastimming oan de bank of in oare hypoteekbesoarger. Dy ynstânsjes kinne betingsten stelle oan harren tastimming. Foar mear ynformaasje dêroer kinne jo terjochte by de Belestingtsjinst