Hûnen útlitte

Hûnen mei yn guon gebieten losrinne. Dy gebieten werkenne jo oan markearringspealtsjes. Soargje dat hûnen dêrbûten oan de rym sitte.

Losringebieten (pdf)

Handich om te witten:

  • Hûnestront opromje yn ferplichte binnen de beboude kûm, ék yn losringebieten. Hawwe jo in erkende helphûn? Dan slagget dat net alle kearen. Dat begripe wy.
  • Jo hûn útlitte? Soargje dat jo alle kearen in pûdsje (of skepke) meinimme.
  • Hûnestront kinne jo kwyt yn de spesjale reade hûnestrontbakken. It Mei ek yn in oare algemiene ôffalbak.
  • Op in protte bakken sit in dispenser dêr’t jo fergees reade oprûmpûdsjes út helje kinne. Binne de pûdsjes op of is de bak fol? Belje of mail ús.
  • De hûn net oan de rym bûten de losringebieten? Dan kinne jo in boete krije.
  • Is der yn jo doarp of wyk net in spesjaal losringebiet? Bûten de beboude kûm mei jo hûn losrinne as de situaasje dat talit. Jo bliuwe hieltyd ferantwurdlik foar it gedrach fan jo hûn.
  • Boartersplakken binne ferbean foar hûnen.