Grienstrook keapje

Wolle jo in stik gemeentegrûn dat oan jo wenning, tún of lân grinzet keapje of hiere? Ynformearje by de gemeente oft jo tastimming krije kinne.

Wat kostet it?

  • € 75,- de m2.
  • Notaris- en kadasterkosten.
  • € 6.000 oant 6.500 foar it oanpassen fan it bestimmingsplan.

Handich om te witten

Oan it keapjen of hieren fan in grienstrook binne betingsten ferbûn:

  • De grûn grinzet oan jo eigendom.
  • De grûn is net bedoeld om bygelyks bebouwing, sportfjilden, diken of fytspaden ôf te skermjen.
  • Der ûntsteane gjin ûnfeilige situaasjes.
  • Der binne gjin takomstige ûntwikkelings te ferwachtsjen.
  • Der steane gjin bysûndere beammen op de grûn.