Ferhúzje yn of nei de gemeente Smellingerlân ta

Ferhúzje jo binnen of nei de gemeente Smellingerlân? Jou jo ferhuzing op ‘e tiid oan ús troch. Ferhúzje jo nei in oare gemeente? Jou jo ferhuzing dan yn dy gemeente troch. Ferhúzje jo nei in adres dêr’t al ien wennet? Jo hawwe dêrta offisjeel tastimming nedich fan de haadbewenner.

Ferhuzing trochjaan

Wat kostet it?

Gjin kosten.

Handich om te witten

  • Sille jo by ien ynwenje? Lit de haadbewenner gelyk ynlogge en tastimming jaan.
  • Foegje de tastimmingsferklearring fan de haadbewenner (pdf) ta oan jo online ferhuzing.
  • Leaver de ferhuzing op it gemeentehûs trochjaan? Meitsje in ôfspraak as jo op it gemeentehûs delkomme wolle om jo ferhuzing troch te jaan. Jo ferhuzing online trochjaan kin ek fia it online formulier.
  • It formulier oanjefte ferhuzing meie jo ek nei ús ta stjoere of by ús ynleverje. Soargje derfoar dat jo it formulier folslein ynfolje. 
  • De gemeente Smellingerlân jout jo nije adres automatysk troch oan oerheidsorganisaasje lykas de Belestingtsjinst en pensjoenfûnsen.
  • Ferhúzje jo út in oare gemeente wei nei Smellingerlân ta? Jo hoege jo nije adres net troch te jaan oan de âlde gemeente. De gemeente Smellingerlân docht dat automatysk foar jo.
  • Jo kinne jo ferhuzing trochjaan fan fjouwer wiken foar de ferhuzing ôf oant fiif wiken dernei. Jouwe jo de ferhuzing letter troch? Dan is de datum dêr’t jo de ferhuzing op trochjouwe ek jo offisjele ferhúsdatum.
  • Sille jo emigrearje?
  • Fêstigje jo jo yn Nederlân?

Wa kin in ferhuzing trochjaan?

  • Elkenien fan 16 jier of âlder
  • Ferhuzing foar in oar trochjaan kin foar:
    • jo minderjierrich bern, as jo de âlder, fâd of fersoarger binne
    • jo oarehelte of registrearre partner
    • jo mearderjierrich bern, as hy of sy mei ferhuzet
    • jo âlder, as hy of sy mei ferhuzet
    • ien dy’t ûnder kuratele stiet, as jo kurator binne
    • in pleechbern, as jo in soarchkontrakt hawwe
    • elke mearderjierrige dy’t jo (de oanfreger) dêrta skriftlik machtige hat

Tink derom! Jo kinne gjin ferhuzing trochjaan fan bygelyks in freon of freondinne dêr’t jo mei wenje sûnder houlik of registrearre partnerskip. Dat kin allinnich dy persoan sels dwaan.